Aartsingel Michaeltsjerke (Smolensk)
Aartsingel Michaeltsjerke
Михайловская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 54° 47' N 32° 01' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 12e iuw | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 671610004750016 |
De Tsjerke fan de Aartsingel Michael (Russysk: Церковь Михаила Архангела; ek: Svirskaja-tsjerke, Свирская церковь) is in otterdokske tsjerke út de 12e iuw yn Smolensk, Ruslân. De tsjerke is ien fan de trije tsjerken fan foar de Mongoalske ynvaazje fan de Rûs.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard as hôftsjerke boud yn opdracht fan David Rostislavitsj, dy't Smolensk yn de jierren 1180-1197 regearre .
Tidens it belis fan Smolensk troch de Poalsk-Litouske troepen fan kening Sigismund III yn de jierren 1609-1611 brûkten de troepen de tsjerke as in útfalsbasis en nei't de stêd foel waard de tsjerke in katolyk godshûs. Nei't de stêd yn 1654 wer by it Russyske Ryk foege waard de tsjerke wer geskikt makke foar de otterdokske rite.
Tusken 1775 en 1785 waard in muorre om de tsjerke boud mei in klokketoer as poarte.
Yn 1812 hie de tsjerke te lijen ûnder de ynvaazje fan Napoleon, troch't de Frânske troepen de houten ynrjochting brûkte as stookmaterjaal. Tsaar Aleksander I makke persoanlik it wer ynoarder meitsjen fan de tsjerke mooglik.
Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. Opmerklik genôch rekke de tsjerke tidens de Twadde Wrâldkriich net skeind, mar in restauraasje waard wol nedich, dy't yn 1963 ûnder lieding fan de arsjitekt Baranovsky plak fûn. In twadde renovaasje fûn plak yn de jierren 1970, doe't de tsjerke yn de oarspronklike steat werom brocht waard en lettere tafoegings ferwidere waarden.
Yn 1990 waard de tsjerke werom jûn oan it doedestiidske bisdom Smolensk-Vjazma (tsjintwurdich bisdom Smolensk). Nei't mear restauraasjewurk waard de tsjerke neitiid wer iepene foar de earetsjinst.[1]
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oare twa 12e-iuwske monuminten fan de Smolensk binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|