Petrus- en Paulustsjerke (Smolensk)
Petrus- en Paulustsjerke
Петропавловская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 54° 47' N 32° 02' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1146 | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 671520256590006 |
De Petrus- en Paulustsjerke (Russysk: Церковь Петра и Павла) is in otterdokske tsjerke yn Smolensk, Ruslân. It is ien fan de trije monuminten út de tolfte iuw dy't Smolensk ryk is.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard yn 1146 boud yn opdracht fan prins Rostislav Mstislavitsj en konsekrearre troch de earste biskop fan Smolensk.
Under de Poalske besetting fan de stêd fan 1611 oant 1654 wie de tsjerke in katolike tsjerke. Nei de befrijing fan Smolensk waard it op 'e nij in otterdokse tsjerke.
De tsjerke waard yn de 18e iuw hielendal ferboud en njonken de westlike kant waard de Barbaratsjerke oanboud.
Yn 1812 ûnder Napoleon syn Tocht nei Moskou plonderen de Frânsen de tsjerke. Mei help fan de oerheid koe de tsjerke wer hersteld wurde. Doe't yn 1943 fochten waard om de befrijing fan Smolensk fan de Dútsers waard de tsjerke wer fernield.
Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke yn 1935 sletten foar de earetsjint en oerdroegen oan it museum. De Barbaratsjerke bleau ynearsten noch iepen foar tsjerketsjinsten, mar dêrnei moast ek dy de doarren fan de kommunistyske oerheid slute.
Under lieding fan de arsjitekt Pjotr D. Baranovsky waard de tsjerke yn de jierren 1962-1963 yn oarspronklike foarm werom brocht en skieden fan de westlike Barbaratsjerke. Nei de renovaasje die by archeologysk ûndersyk bliken dat in eardere tiden de tsjerke omjûn wie mei galerijen.
Op 26 maaie 1991 krige de Petrus- en Paulustsjerke de tsjerklike funksje werom.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oare twa 12e-iuwske monuminten fan de Smolensk binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|