Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Goaiïngaryp

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Goaiïngaryp
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Goaiïngaryp
adres It Hôf 5
koördinaten 53° 00'N 5° 46'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Willibrord (?)
Arsjitektuer
boujier 1770
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13229 [1]
Webside
PKN De Jouwer e.o.
Kaart
Tsjerke fan Goaiïngaryp (Fryslân)
Tsjerke fan Goaiïngaryp

De Tsjerke fan Goaiïngaryp is in tsjerkegebou yn Goaiïngaryp yn de gemeente De Fryske Marren.

De sealtsjerke út 1770 is boud as ferfanging fan in eardere tsjerke. Foar dy tiid stie op itselde plak de midsiuwske foargonger. Hokker patroanhillige de tsjerke yn 'e midsiuwen hie is net mear bekend. Yn in ynstjoerd stik yn de Jouster Krante neamde pastoar Menno Brada Willibrord as patroanhillige.

Johan Vegilin van Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl, liet boppe de yngong in gevelstien ynmitselje mei syn famyljewapen. Syn pakesizzer jonkhear Frans van Eisinga lei op 24 april de earste stien. Dit wurdt fermelden op in memoarjesstien fan J. Wiarda yn de bûtenmuorre fan it koar.

Tsjerke en klokkestoel binne ryksmonuminten en eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken.

It ynterieur wurdt oerkape fan in tonferwulft. It oargel út de jierren 1960 iuw is makke troch de firma Vierdag út Ynskedee en besit trije registers op ien manuaal.

De seis brânskildere ramen fan de wapens dy't de bou fan de tsjerke mooglik makken (Willem V, de Fryske rekkenmasters, it Hof fan Fryslân, grytman Johan Vegelin van Claerbergen, it Mindergetal, Deputearre Steaten fan Fryslân) binne makke troch Ype Staak fan Snits.

Ramen Ype Staak
Raam fan Willem V
Raam fan Willem V
Raam fan Willem V  
Steateraam fan it Mindergetal
Steateraam fan it Mindergetal
Steateraam fan it Mindergetal  
Raam fan grytman Johan Vegelin
Raam fan grytman Johan Vegelin
Raam fan grytman Johan Vegelin  
Steateraam fan de rekkenmasters
Steateraam fan de rekkenmasters
Steateraam fan de rekkenmasters  
Raam Deputearre Steaten
Raam Deputearre Steaten
Raam Deputearre Steaten  
Raam Hof fan Fryslân
Raam Hof fan Fryslân
Raam Hof fan Fryslân  

Yn de klokkestoel hinget in troch Geert van Wou getten klok út 1527.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: