Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Engelbert

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Engelbert
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Engelbert
adres Engelberterweg 39
koördinaten 53° 12' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Fabianus (en Sebastianus)[1]
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18761
Kaart
Tsjerke fan Engelbert (Grinslân)
Tsjerke fan Engelbert

De Tsjerke fan Engelbert is in tsjerkegebou yn it Grinslânske doarp Engelbert. De tsjerke datearret út de 13e iuw en is sûnt 2000 yn it besit fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Oant 2013 makke ek de Grinzer âld-katolike parochy fan de hillige Martinus gebrûk fan 'e tsjerke. Tsjintwurdich wurde der allinne by gelegenheid tsjinsten fierd.

It âldste diel fan 'e tsjerke wurdt foarme troch it koer, dat út 'e 13e iuw datearret. Yn 'e rin fan 'e tiid ûndergyng de tsjerke in pear kear foarse ferbouwings. De tsjerke waard yn 1904 wyt pleistere.

De dakruter boppe de westlike gevel datearret fan 1949. De klok waard yn itselde jier getten.

It balkenplafond waard yn 1904 oanbrocht. Yn 'e jierren 1970 ferdwûn by in restauraasje in soad fan it âlde ynterieur. De 17e-iuwske preekstoel fan Engelbert ferhûze nei de Laurentiustsjerke fan Baflo en ek de tsjerkebanken waarden ferwidere. De yn 2005 werstelde sakramintsnis waard yn dy tiid fernield troch in betimmering fan gipsplaten. By de restauraasje fan 2005 kaam ek de piskina út de katolike tiid fan it gebou wer foar it ljocht.

Yn 2012 krige de tsjerke wer in âlde preekstoel, dy't ôfkomstich is út de tsjerke fan Heveskes. Dy preekstoel waard yn 1781 boud en is like âld as de kânselbibel. De rokoko-psalmbuorden binne ôfkomstich út de tsjerke fan it net mear besteande doarp Oterdum by Delfsyl. Yn it koer lizze in pear 18e- en 19e-iuwske grêfstiennen.

It oargel fan de tsjerke fan Engelbert is in oargel fan Hendrick Wicher Flentrop. It waard yn 1938 boud, foar in part mei piipwurk út 1855.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: