Tsjerke fan Ealsum
Tsjerke fan Ealsum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dongeradiel | |
plak | Ealsum | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romaansk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31553 |
De herfoarme tsjerke fan Ealsum is in tsjerkegebou yn de gemeente Dongeradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ienbeukige romaanske tsjerke stiet op in, ein 19e iuw, foar it grutste part ôfgroeven terp. It gebou is oplutsen út kleastermoppen. De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Katarina fan Aleksanderje en waard om de ein fan de 12e iuw yn gebrûk naam. Ut dy tiid is it skip fan it gebou oerbleaun. Healweis de 13e iuw waard it koar boud. Om 1500 waard it skip nochris ferlinge yn westlike rjochting. Wierskynlik waard it âld ferwulft om 1822 ferfongen troch in balkelaach. Yn 1829 waarden de ramen fan no oanbrocht. De westgevel is yn 1843, nei it ôfbrekken fan de toer, fernijd. De âlde toer waard ferfongen troch in houten geveltuorke. Yn it tuorke hinget in troch Jan Butendiic getten liedklok út 1499. Dy hat in diameter van 67 mm.
De binnenmuorren binne wyt ferve. It oargel is út 1906. It tagongsstek oan de oksegong nei de tsjerke en it tsjerhôf is fan 1843. It gebou hat de status fan ryksmonumint.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De preekstoel (2013)
-
De klok út 1499 mei in ôfbyld fan de Hillige Katarina