Tsjerke fan Aldhoarne
Tsjerke fan Aldhoarne | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Hearrenfean | |
plak | Aldhoarne | |
adres | Skoatterlânskewei 20 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1924 | |
monumintale status | gemeentlike monumint | |
offisjele webside | ||
Side PKN gemeente De Reinbôge |
De Tsjerke fan Aldhoarne is ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente De Reinbôge. De tsjerke waard boud yn 1924 foar de grifformearde gemeente, dy't sûnt 2009 in federaasje foarmet mei de herfoarme gemeente fan Nijhoarne. De tsjerke is in gemeentlik monumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grifformearde gemeente ûntstie yn 1906. Ynearsten makke de gemeente gebrûk fan in evangelisaasjelokaal út 1898, mar yn 1924 lieten de grifformearden in nije tsjerke bouwe foar de groeiende gemeente.
Op 1 jannewaris 2010 fusearre de gemeente mei de herfoarme gemeente fan Nijehoarne. Beide tsjerken bliuwe yn gebrûk fan de nije PKN-gemeente "De Reinbôge". Yn de tsjerken wurde ôfwikseljend tsjinsten holden.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in piipoargel dat de firma Hendriksen & Reitsma út Nunspeet foar de gemeente boude. It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal datearret fan 1986.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|