Tsjerke fan Nijhoarne

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Nijhoarne

De Tsjerke fan Nijhoarne is it tsjerkegebou oan de Skoatterlânskewei 38 yn Nijhoarne. Foar de sealtsjerke út 1778 waard de earste stien lein troch Daniel de Blocq fan Scheltinga, grytman fan Skoatterlân, soan fan Martinus fan Scheltinga. Dit stiet op in gevelstien boppe de yngong oan de noardside. Oan de eastside in trijesidich sluten koar en op de plastere westgevel in houten geveltoer mei ynsnoerde spits. De liedklok (15e iuw) is getten troch Johannes van Bomen. De tsjerke is in ryksmonumint. It hjoeddeiske oargel is yn 1915 nakke troch Bakker & Timmenga (yn 2001 oerpleatst fanút de eardere grifformearde tsjerke yn Hylpen).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: