Springe nei ynhâld

Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum (Koog aan de Zaan)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
plakKoog aan de Zaan
adresBoschjesstraat 115
koördinaten52° 27'N 4° 48'E
Tsjerklike gegevens
bisdomHaarlim-Amsterdam
patroanhilligeMartlers fan Gorkum
ôfstjitten2021
hjoeddeiske  funksjeappartemintekompleks
Arsjitektuer
arsjitektNicolaas Molenaar
boujier1931-1932
monumintale statusgemeentlik monumint
Kaart
Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum (Saanstêd)
Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum

De Tsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum wie in roomsk-katolike tsjerke oan 'e Boschjesstraat 115 yn Koog aan de Zaan.

Heechalter.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1931-1932 neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Nicolaas Molenaar boud as in trijeskippich tsjerkegebou mei in breed middenskip en twa koarte dwersskippen en in ferhege preesterkoer. Op 'e lofterhoeke fan 'e foargevel stiet in toer mei nullespits. De tsjerke waard op 21 novimber 1932 offisjeel konskrearre troch biskop J.D.J. Aengenent.

By de tsjerke hearde ek in pastorije en in skoalle. Dy skoalle, de Leonardusskoalle, is ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. De pastorije waard yn 2007 ferkocht en is no in wenhûs. Yn 2019 gie lang om let ek de tsjerke yn 'e ferkeap. Nei de ferkeap yn 2021 waard op snein 12 septimber 2021 foar it lêst de misse lêzen. It gebou wurdt ferboud ta wenten.

De eardere tsjerke is in gemeentlik monumint.

De tsjerke hie in oargel fan 'e firma Pels & Soannen, dat ferhûze nei in tsjerke yn Poalen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: