Tsjalling Minne Watze van Asbeck
Appearance
Tsjalling Minne Watze baron van Asbeck (Ljouwert, 16 jannewaris 1795 - 24 febrewaris 1855) stie yn tsjinst fan de Frânsken en makke as luitenant by de kurassiers de fjildtocht nei Ruslân (1812) en ek de Tsiendeiske Fjildtocht. Wie teffens keamerhear yn bûtengewoane tsjinst fan kening Loadewyk Napoleon.
Hy bewenne yn 1836 Herema State yn It Hearrenfean mei syn frou Elbrich Bienema (1796-1866); sy hienen ien bern, Gerrit Ferdinand Baron Van Asbeck (1820-1905). Letter ferhuzen se nei Feanwyk yn Aldskoat. Hy wie grytman fan Himmelumer Aldeferd tusken 1844 en 1853 en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|