Trije-ienheidstsjerke (Ostankino)
Trije-ienheidstsjerke
Троицкая церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | 1e Ostakinskaja Ul. | |
koördinaten | 55° 49' N 37° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
eparchy | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1677-1692 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7710557005 | |
Webside | ||
trinitychurch.ru | ||
Kaart | ||
De Trije-ienheidstsjerke (Russysk: Троицкая церковь; Troitskaja tsjerkov) is in russysk-otterdokse tsjerke yn Moskou. De tsjerke stiet op it lângoed fan it slot Ostankino en is in monumint fan federaal belang. De tsjerke is in parochytsjerke fan it Trije-ienheidsdekanaat fan it bisdom Moskou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke waard yn 1584 boud, in houten gebou, dat yn de Tiid fan Unstjoer ferneatige waard. Nei't it lângoed yn 1617 troch Michael I oerdroegen waard oan prins Ivan Borisovitsj Cherkasski joech dy opdracht om tusken 1625 oant 1627 in nije houten tsjerke te bouwen.
Nei in pestútbraak frege de doetiidske eigener prins Michaël Jakovlevitsj Tsjerkasski yn 1677 permisje oan biskop Joachim om tastimming foar de bou fan in stiennen tsjerke op in oar plak. Mei de bou fan de tsjerke waard fuort útein set; de Tichvin-kapel waard yn 1683 ynwijd, de Aleksander Svirski-kapel yn 1691 en de Trije-ienheidskapel yn 1692. De ikonostaze waard yn 1692 ôflevere en wat letter folge de oanbou fan in portyk, in galerij en de klokketoer.
Troch in houlik yn 1743 kaam it lângoed dêr't de tsjerke op stiet yn it besit fan it rike Sjeremetev-skaai.
Yn 1739 waard de spits fan de tsjerke ôfbrutsen en yn 1754 ferfongen troch in nije klassistyske bekroaning. Yn de jierren 1877-1878 krige de toer by in restauraasje fan de tsjerke de âlde spits werom, dy't folle better paste by de styl fan de rest fan de tsjerke.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke bleau oant 1933 iepen en waard yn dat jier tawiisd oan it museum, dêr't it lângoed nei de ûnteigening sûnt 1917 oan oerdroegen wie. Nei in ferbouwing die de ûntwijde tsjerke tsjinst as kantoargebou fan it Slotmuseum. Yn de jierren 1970 waarden by in restauraasje fan it dak en de gevels ek de ikonostaze en de fresko's restaurearre. Fan de ikonostaze yn de styl fan de Narysjkin-barok is allinne it ûnderste diel en de keninklike poarte orizjineel.
Under lieding fan de arsjitekt E.A. Tsjernikov folge oan it begjin fan de jierren 1990 in restauraasje en dêrnei waard it gebou werom jûn oan de Russyks-Otterdokse Tsjerke, dy't it gebou wer fasearre yn gebrûk naam. Ek waard de tsjerke ferrike mei oare tafoegings yn Russyske styl dy't tinken docht oan de tsjerke-arsjitektuer fan Jaroslavl, lykas in tuorke oer de feranda.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Троицы Живоначальной в Останкине
|