Springe nei ynhâld

Utstalling fan de prestaasjes fan de nasjonale ekonomy

Ut Wikipedy
Loftfoto fan in diel fan it kompleks

De Utstalling fan de prestaasjes fan de nasjonale ekonomy (Russysk: Выставка достижений народного хозяйства; Vystavka dostizjeni narodnogo chozjaistva; ôfkoarte: VNDCh.) is in permaninte fakbeurs en teffens in ekspo en amusemintspark yn Moskou, Ruslân. Tusken 1991 en 2014 waard it ek it Ekposysjesintrum foar hiel Ruslân (Всероссийский выставочный центр) neamd.

It park leit yn it Ostankinski-rajon fan Moskou, minder as in kilometer fan de Ostankino-toer en is mei de metro te berikken.

Op 17 febrewaris 1935 waard útein set mei de plannen om in lânboutentoanstelling foar de hiele Sovjet-Uny oan te lizzen. It gebiet dat foar dat doel oanwiisd waard wie it doe krekt by Moskou weryndield en hearde by it Ostankino-lângoed, dat foar de revolúsje fan de ûnbidich rike famylje Sjeremetev wie. Vjatsjeslav Oltarzjevski levere yn april 1936 in masterplan oan, dat yn april 1936 offisjeel goedkard waard. Oankundige waard dat it earste seizoen fan de útstalling yn july 1937 iepene wurde soe as in soarte fan stêd fan tentoanstellings mei strjitten en publike romtes. It slagge lykwols net om de útfiering fan de plannen op 'e tiid te foltôgjen en trije wike foar de iepening moast Jozef Stalin de iepening mei in jier útstelle. It like der dêrnei op dat alles op 'e tiid klear wêze soe, mar op 'e nij slaggen de bouwers der net om harren wurk op tiid te leverjen. Dêrnjonken slaggen de autoriteiten der net yn om de geskikte tentoanstellingsstikken te selektearjen.

Tagongspoarte

Neffens it oarspronklike plan fan Oltarzjevski moasten alle paviljoenen fan hout boud wurde. Yn 1938 ûndersocht in kommisje de konstruksjea en konkludearre dat dy net paste yn de idéologyske rjochting fan dat stuit. De útstalling waard as te ienfâldich en te tydlik beöardiele. Oltarzjevski waard tegearre mei de komissaris foar lânbou mei syn amtners oppakt en pas yn 1943 wer frijlitten. Letter wurke Oltarzjevski oan in wolkekliuwerprojekt yn Moskou yn 1947-1953. Guon paviljoenen en de tagongspoarten fan 1937 fan Oltarzjevski waarden ôfbrutsen en ferfongen troch oare gebouwen (de measte paviljoenen krigen krityk om't se gjin finsters hiene).

Yn augustus 1938 sei Nikita Chrûsjtsjov yn in taspraak foar de Heechste Sovjet fan de Sovjet-Uny dat de iepening útsteld wurde moast oant augustus 1939 en op 1 augustus dat jier folge lang om let de iepening foar it publyk. Likernôch 40.000 minsken besochten alle dagen de tentoanstelling. Ek yn 1940 en 1941 wie de tentoanstelling iepen, mar nei de Dútske ynvaazje fan 1941 waard de tentoanstelling sletten.

Al yn juny 1941 waarden troch de kriich in tal yndustriële- en lânboueksposysjes ferkocht en weardefolle saken oerdroegen oan it leger en partijorganisaasjes. In diel fan it personiel waard evakuëarre nei Omsk (dêr't it Folkskommissariaat fan Lânbou sit hie) en oaren moasten yn it leger tsjinje. De lege paviljoenen waarden foar wurkpleatsen fan in militêre reparaasjefabryk oanpast. Bombardeminten op it gebiet skeinden in diel fan de paviljoenen, dy't letter ôfbrutsen waarden. Nei de kriich waarden de yntusken ferfallen gebouwen ynspektearre en bleau it terrein allinne yn gebrûk skoalle-ekskursjes nei de bêste bewarre paviljoenen. Fan de eardere lânboutentoanstelling is oant de dei fan hjoed mar in lyts part bewarre bleaun, dy't restaurearre binne en nije nammen krigen.

Yn 1947 die minister fan lânbou Ivan Benediktov it útstel om de tentoanstelling wer te iepenjen, dat folge waard troch in beslút fan de ministerried om de lânboutentoanstelling wer op te knappen. Tusken 1950 oant 1954 waard it ferfallen kompleks út 1939 renovearre en/of rekonstruearre. It terrein waard útwreide en nije seksjes foar technology en yndustry waarden tafoege.

Ek de Baltyske lannen krigen no paviljoenen, dy't foar it measte op 'e nij boud waarden. It oansjen fan de nijbou wie tige monumintaal yn de Stalinistyske empire-styl en krige de foarm fan paleizen en timpels. Alle 29 republiken fan de Sovjet-Uny wiene fertsjintwurdige en elk paviljoen hie ek in kas, dêr't kennis makke wurde koe mei de natoer fan de republyk.

Yn 1959 krige de earder lânboutentoastelling de nije namme 'Tentoanstelling fan de prestaasjes fan de nasjonale ekonomy'. It doel wie om de bêste prestaasjes fan it lân op it gebiet fan yndustry, wittenskip en lânbou te demonstrearjen en dy nije namme beskreau dy opset better.

De tentoanstelling hie yn 1989 82 paviljoenen mei in tentoanstellingsoerflak fan 700.000 m². Elts paviljoen (ynklusúf de seksjes út 1939) wie wijd oan in yndustrytak of fakgebiet. De organisaasje hold mear as 300 nasjonale en ynternasjonale tentoanstellings en ek konferinsjes, seminars en gearkomsten fan wittenskippers en saakkundigen út de yndustry. Alle jierren besochten wol 11 miljoen minsken de tentoanstelling en ek sa'n 600.000 besikers fan bûten de Sovjet-Uny.

Hiel opfallend is it byld fan de Arbeider en de Kolchozefroue, in ûnbidich grut byld fan in man en in frou, dy't tegearre de hammer en sikkel fêstholden. De 25 meter hege bylden wiene ûntwurpen troch Vera Mûchina en bekroanden oarspronklik yn 1937 it 35 meter hege Sovjet-paviljoen fan de Wrâldtentoanstelling fan 1937 yn Parys.

Nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny ferfoel it park, guon gebouwen waarden troch partikuliere bedriuwen oernommen en ek binne der ferskillende paviljoenen ôfbrutsen. It kompleks krige ek in nije namme en stadichoan naam it ferfal fierder ta. De measte tentoanstellings waarde beëinige en it kompleks waard ûnderbrocht yn in nammeleaze fennoatskip. Fral de útstallings dy't ûnderdiel foarmen fan it saneamde Kosmos-paviljoen waarden as in grut ferlies beskôge. Dêrûnder wiene modellen fan de earste Sovjet-satelliten en ek in Tû-154-fleantúch waard ferneatige. It ferneamde byld fan Mûchina rekke sa ferfallen, dat it weihelle wurde moast. Yn desimber 2009 waard it werom set op in konstruktivistysk paviljoen, dat in rekonstruksje is fan it orizjinele Sovjet-paviljoen op de Wrâldtentoanstelling yn Parys.

De ommekear kaam doe't de stêd Moskou alle oandielen fan de NF oernaam, sadat dy 100% eigner waard. It kompleks krige de histoaryske namme werom en alle yllegale útwreidings, reklame's, kreamkes, hekken en oare rommel waard ferwidere. Meiïnoar waarden 300 tydlike en yllegale bouwsels ôfbrutsen. De kommersy waard út de paviljoenen ferballe en de paviljoenen waarden wer omboud ta romtes foar útstallings, musea en eksposysjes. It kompleks waard boppedat ien makke mei it oangrinzgjende Ostankino-park en de botanyske tún.

Tagelyk sette in opknapbeurt útein fan it hiele gebiet. Fonteinen dy't al 30 jier net mear wurken waarden wer hersteld, de histoaryske gevels dy't yn de rin fan de tiid efter platen skûl gyngen waarden foar it ljocht helle en sûnt novimber 2014 waard foar yn de winter ek de grutste keunstmjittige iisbaan fan 'e wrâld op it terrein iepene.

Fan 1 augustus oant 3 augustus 2014 bestie de tentoanstelling 75 jier. It gebiet waard yn dy trije dagen besocht troch 9 miljoen minsken. Mei help fan âlde tekenings waarden yn de jierren 2015-2016 ek útein set mei de nije oanlis fan de blommetunen yn de patroanen fan de jierren 1950. Ek bûten de Sovjet-Uny stiene dy tunen doe bekend as in masterwurk fan túnkeunst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Выставка достижений народного хозяйства