Springe nei ynhâld

Seimunds pappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treron seimundi)
Seimunds pappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron seimundi
Gmelin, 1910
IUCN-status: net bedrige

De Seimunds pappegaaido (Treron seimundi) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

De Seimunds pappegaaido is in relatyf donkergriene do mei donkergriene wjukken en in lange, pylkeftige sturt. Doffers en wyfkes hawwe in wite flek op 'e búk en in limoengiel by de anaalstreek en op 'e ûndersturtdekfearren.

De soarte liket op 'e pylksturtpappegaaido, mar dy is folle ljochter fan kleur en hat giel-oranje op it boarst.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seimunds pappegaaidowen komme op it fêstêlân fan Súdeast-Aazje foar en binne yn twa ûndersoarten te ferdielen:

Alhoewol't ûnbekend is hoe grut de populaasje likernôch is, wurdt der fan út gien dat de soarte troch de ferneatiging fan biotoop efterút giet. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet fan 'e do wurdt de soarte troch IUCN lykwols as 'net bedrige' klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: