Pylksturtpappegaaido
Pylksturtpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron apicauda | ||||||||||||
Blyth, 1846 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De pylksturtpappegaaido (Treron apicauda) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De mantsjes binne 32 oant 36 sm lang, wylst it wyfke likernôch 28 sm mjit.
Pylksturtdowen binne foar it meast griengiele dowen mei karakteristike lange sintrale sturtfearren. Mansjes en wyfkes hawwe in griene mantel en limoengriene boppedielen. De sturt is blaugriis en de ûndersturtdekfearren binne kastanjebrún. It mantsje hat ek oranje op it boarst, dat ûntbrekt by it wyfke. De eachring is blau, lykas ek de snaffel, dy't útrint op in griene of giele punt. It wyfke hat oer it generaal doffere kleuren en har sintrale sturtfearren binne koarter.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pylksturtpappegaaien komme fan it uterste noarden fan Yndia oer Nepal oant Súdeast-Aazje foar.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde trije ûndersoarten erkend:
- T. a. apicauda: fan 'e Himalaya oant súdwestlik Sina en Myanmar.
- T. a. laotianus: súd Sina, noardlik Fjetnam en noardlik Laos.
- T. a. lowei: Tailân en sintraal Laos.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal fûgels fan 'e soarte liket ôf te nimmen, alhoewol't it net bekend is hoe grut de populaasje is. Der wurdt fan útgien dat de populaasje net hurd tebekrint en de soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|