Springe nei ynhâld

Oranjeboarstpappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treron bicinctus)
Oranjeboarstpappegaaido

mantsje.

wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron bicinctus
Jerdon, 1840
IUCN-status: net-bedrige

De oranjeboarstpappegaaido (Treron bicinctus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Pearke oranjeboarstpappegaaidowen yn it Nasjonaal Park Wilpattu, Sry Lanka.

De soarte liket in soad op oare pappegaaidowen, lykas de gielpoatpappegaaido en de Yndiaaske pappegaaido, mar it kastanjebrún op 'e wjuk ûntbrekt by him. It mantsje hat gjin grize mar in gielgriene krún en in smelle lila bân op it boppeboarst en dêrûnder in bredere oranje bân. De nekke is blaugriis. De ûndersturtdekfearren binne kanielkleurich mei de langere fearren giel omrâne. Fan boppe is de sturt griis mei in brede donkere bân.

Wyfkes binne fan ûnder giel en ha gjin lila en oranje bân. De ûndersturtdekfearren ha in doffere kanielkleur mei griene flekken. De boppesturt hat lykwols laaigrize fearren yn stee fan grien, lykas by de wyfkes fan 'e Yndiaaske pappegaaido of Srylankaanske pappegaaido.

De oranjeboarstpappegaaido is in boskfûgel en hat in grut ferspriedingsgebiet yn it suden fan Aazje yn it leechlân fan 'e Terai yn Noard-Yndia en Súd-Nepal, de Himalaya oant 1500 m, Súd-Yndia (West-Ghats en East-Ghats) en de bosken fan Sry Lanka. Fierder libje se yn Birma, Tailân, it Maleizysk skiereilân, Fjetnam, Java, Baly en Hainan.

De soarte wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

  • T. b. leggei: Sry Lanka.
  • T. b. bicinctus: fan Yndia oant Súdeast-Aazje.
  • T. b. domvilii: Hainan (Sina).
  • T. b. javanus: Java en Baly.

Oranjeboarstpappegaaidowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint troch biotoopferlies, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: