Gielpoatpappegaaido
Appearance
Gielpoatpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron phoenicopterus | ||||||||||||
Latham, 1790 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De gielpoatpappegaaido (Treron phoenicopterus) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielpoatpappegaaido is mei in lingte fan 33 sm ien fan 'e gruttere soarten út it skaai. De do hat in oliifgiele kraach en giele poaten. It boppebealchje is griisgrien mei in ljochtpearse skouderflek en in gieleftige bân oan it begjin fan 'e sturt. Fûgels fan 'e ûndersoarte T. p. chlorigaster binne mear griengiel op 'e búk en flanken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt fan Yndia oant Súdeast-Aazje foar en hat fiif ûndersoarten:
- T. p. phoenicopterus: fan eastlik Pakistan en noardlik Yndia oant noardeastlik Yndia en Bangladesj.
- T. p. chlorigaster: Sintraal- en Súd-Yndia.
- T. p. phillipsi: Sry Lanka.
- T. p. viridifrons: fan it súdwesten fan Sina oant Myanmar en it noardwesten fan Tailân.
- T. p. annamensis: yn it easten fan Tailân, it suden fan Laos en it suden fan Fjetnam.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn in grut gebiet foar en it oantal liket ta te nimmen. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Kategoryen:
- Fûgelsoarte
- Pappegaaido
- Dofûgel
- Do-eftige
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân