Springe nei ynhâld

Ton Davids

Ut Wikipedy
Ton Davids
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antonius Johannes Davids
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 10 febrewaris 1957)
berteplak De Haach
wurkpaad
berop/amt Hûsdokter
aktyf as Skriuwer toanielstikken
offisjele webside
Hiemside fan Ton Davids

Antonius (Ton) Johannes Davids (De Haach, 10 febrewaris 1957) is in hûsdokter yn Ynskedee en skriuwer fan toanielstikken, kluchten, blijspullen en komyske skrillers, foar it amateurtoaniel.

Davids waard grutbrocht op ferskate plakken yn it westen fan Nederlân, Muiden, Haarlim en Kapelle oan de Isel en gie dêr ek nei de legere skoalle. Hy fûn it moai om minsken laitsje te litten. Fermoedlik is 'Billie Billepeuter' ien fan de earste skeppings fan Davids, mar it stik is nea op de planken kaam. Ton skreau stikjes yn de skoallekrante, somtiden wat kabaret, mar op toaniel waard it noait brocht. Syn foarbyld is muoike Ans dy't him oantrunet om by it toaniel te gean, mar it komt der net fan.

Wilens is er mei de stúdzje medisinen begûn yn Grins, dat der is gjin tiid foar toaniel of ferhalen. Yn 1985 is er klear en fynt wurk as arts-assistint yn it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Sjeek Spier is de toanielgroep fan dat sikehûs en Davids makket in foarsichtich begjin as akteur. Dat wie tige nei it sin.

Hy moat lykwols nei Ynskedee ferhúzje om't er dêr hûsdokter wurde kin. Rillegau slút er him oan by de toanielgroep Kunst naar Kracht yn Oldenzaal en skriuwt er syn earste toanielstik, Een Gast te Veel. De premiêre is yn Drachten by syn âlde klup. Wilens is er ek regisseur.

De hûsartsepraktyk soarget foar in protte stof foar syn stikken. Hy besiket koarstwiligens te kombinearjen mei in goed ferhaal.

Simy Sevenster hat guon fan Davids toanielstikken yn it Frysk oerset.

Net folslein:

  • Zusters in zaken (2014)
  • Taaksjtraof, blijspul (2013)
  • Liefdeslisten en oorlogslusten, klucht
  • Gewoon te gek (2012)
  • Zonde van de zusters (2010)
  • Het Kanon van Navarone (2009)
  • Is Goed (2006)
  • Tuttenclub (2006)
  • Verliezers (2004)
  • Vervalsd (2003)
  • H4, Dekker en de opstand (2003)
  • Rust, vrede & Flinterman (2001)
  • Dings Boems & Partners (2001)
  • Bruiloft (2001)
  • De Goot (1999)
  • Bonzen (1999)
  • Dansen met de Bovenbuurman (1998)
  • Liefdeslisten en oorlogslusten (1996)
  • Gewoon te Gek (1996)
  • Wingelaar (1995)
  • Zusters in zaken (1995)
  • Een zaak van gewicht (1995)
  • De Rechter en de Linker (1994)
  • Een onbeschreven blad (1993)
  • De vrouwen in ons leven (1998)
  • Een gast teveel (1992)

Oersettings yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De froulju yn ús libben - oers. Simy Sevenster (2000)
  • Ferliezers - oers. Simy Sevenster (2005)
  • Wingelsma - oers. Gerda van der Wijk (1996)
  • In saak fan gewicht - oers. Gerda van der Wijk (1996)
  • Listige lusten - oers. Janny van der Veen (1998)
  • In gast tefolle - oers. Gerda van der Wijk (1998)
  • De rjochter en de linker - oers. Simy Senster (1998)
  • Ferfalske - oers. Gerda van der Wijk (2004)
  • Straf - oers. Tryntsje van der Zee (2007)
  • De goate - oers. Gerda van der Wijk (2000)
  • Gewoan te gek - oers. Janny van der Veen (200)
  • Bûnzjen fan boppen - oers. Gerda van der Wijk (2001)
  • Brulloft - oers. Gerda van der Wijk (2004)
  • Rêst, Frede en Flinterman - oers. Gerda van der Wijk (2004)
  • Is goed - oers. Gerda van der Wijk (2007)

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]