Springe nei ynhâld

Tochmalân (polder)

Ut Wikipedy
Tochmalân (polder)
bysûnderheden
drûchlein 1892

Tochmalân is in polder benoarden Kollum yn de gemeente Kollumerlân.

De polder Tochmalân waard yn 1892 oanlein op inisjatyf fan in tal boeren dy't wat ûndernimme woenen tsjin de wetteroerlest yn dit leechlizzende gebiet, in eardere see-earm. Se leinen dêrom in ringdyk oan, groeven in oantal sleatten en kochten foar de bemealling fan de polder in mûne. Dy krige ek de namme Tochmalân en waard yn 1893 boud. Neidat yn 1946 de mole-as fan de mole bruts, besleat it polderbestjoer om ta elektryske bemealling oer te gean. Dêrta waard in gemaaltsje oanlein. Yn it begjin fan de 21e iuw waard dat ferfongen troch in yn de mûne pleatste elektromotor.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: