Tjitske de Jong
Tjitske de Jong (Ljouwert, ±1980) is in byldzjend keunstner dy't opgroeide op It Bilt.
Tichtby de Waadsee die se har leafde foar de natoer op. Se studearre ôf oan de oplieding foar Keunst & Design en wurke dêrnei as dosint yn de Byldzjende fakken en Byldzjend keunstner. Tusken 1996 en 2000 wenne se oan de râne fan de Emmerdennen. Tjitsje de Jong rjochtet har benammen op it skilderjen, byldhouwen, mar ek fotografy. Sûnt koartere perioade rjochtet se har ek op it skriuwen fan kollums.
Se wurket faak yntuïtyf en fariearet techniken om har emoasjes yn kleur, foarm en beweging om te setten yn in akstrakte komposysje. Foar har nijste wurk waard se ynspirearre troch de klanken fan de Latynske tango.
Eksposysjes fan har wienen te sjen yn Stiens, Grou, Emmen en Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|