Timpel fan Washington D.C.

Ut Wikipedy
Timpel fan Washington D.C.

Washington D.C. Temple

bouwurk
Washington D.C. Temple At Dusk.jpg
lokaasje
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Maryland.svg Maryland
county Flag of Montgomery County, Maryland.svg Montgomery
plak Kensington, Maryland
adres 9900 Stoneybrook Drive
bysûnderheden
type bouwurk Timpel
boujier 1968-1974
oare ynformaasje
kosten USD 15.000.000
offisjele webside
Side fan de timpel

De Timpel fan Washington D.C. (Ingelsk: Washington D.C. Temple; earder de Washington Temple) is in timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. It is de 18e timpel fan de Mormoanen dy't boud waard en de 16e dy't yn gebrûk nommen is. De timpel stiet yn Kensington, Maryland krekt noardlik fan Washington, D.C. oan de Capital Beltway en waard yn 1974 ynwijd, nei't de iepen dagen fan de timpel earder mear as 750.000 minsken lutsen hiene. It is de earste timpel fan de mienskip oan eastlike kant fan de Mississippi sûnt 1846, doe't de oarspronklike timpel fan Nauvoo ynwijd waard.

De bou fan de timpel koste likernôch USD 15 miljoen. It is de heechste fan de Mormoanske timpels en mei in grûnflak fan 15.000 m² is it de op twa nei grutste. De eastlike spits is 88 meter heech. De ingel Moroni op de heechste spits fan de timpel is seis meter lang en twa ton swier. It ûntwerp mei de seis spitsen, trije oan elts ein, stekt de timpel fan Salt Lake Temple nei de kroan en it bouwurk is ommantele mei wyt moarmer út Alabama. De arsjitektuer en it byldbepalende karakter fan it bouwurk makket fan de timpel oan de Capital Beltway in opfallend monumint yn de omjouwing fan Washington D.C.

De timpel rûn by de ierdskodding fan Virginia op 23 augustus 2011 lichte skea op. Fan fjouwer spitsen briek it heechste diel ôf en ek foelen moarmeren platen fan de gevel. Oan it ynterieur wie lykwols neat skeind en ek it besikerssintrum bleau sparre foar fierdere skea. De reparaasjes fan it gebou folgen yn septimber fan dat jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Washington-D.C.-Tempel