Springe nei ynhâld

Timpel (Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen)

Ut Wikipedy
Timpel fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Zoetermeer

In timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen is in gebou mei spesifike funksjes foar de Mormoanske mienskip.

In timpel ferskilt fan in gewoane tsjerke lykas de Joadske timpel yn Jeruzalim ek ferskilde fan de synagoges. Yn in gewoane tsjerke komt de kongregaasje alle sneinen by inoar foar de earetsjinst, mar in besite oan de timpel is te fergelykjen mei in spirituele retraite, wêryn't in grut part fan de tiid wijd wurdt foar it krijen fan de sakraminten. Foar Mormoanen is in timpel dêrom in tige hillich plak en allinne leden hawwe ûnder betingsten tagong. Hja moatte foldwaan oan de gedrachsnoarmen en de begjinsels fan it Mormoanske leauwe ûnderskriuwe. Net-leden hawwe foar de wijing fan de timpel de mooglikheid om it gebou fan binne te besjen. Dêrnei kin net elkenien mear samar de timpel binnen rinne.

Untwikkeling timpelbou 1835-2008

Ynstee fan krusen op de timpels wurdt der op de spits fan de toer fan in Mormoanske timpel yn 'e regel in byld fan de ingel Moroni set. Mormoanen brûke gjin krusen om't hja dat as it symboal fan de stjerrende Jezus beskôgje, wylst foar har de libbene Kristus de realiteit is. Moroni wurdt beskôge as de ingel, dy't yn (Iepenbierings 14:6) it ivige boadskip ferkundiget oan alle bewenners fan de ierde. Oan alle timpels is yn de lokale taal de tekst: Wijd oan de Heare; It Hûs fan de Heare oanbrocht.

Al sûnt it begjin fan de Mormoanske skiednis foarmje timpels in wichtich ûnderdiel fan de beweging. De earste timpel wie de Timpel fan Kirtland. Ynearsten hiene de Mormoanen mar in pear timpels. Sûnt 1990 wurde der rûnom yn de wrâld in grut tal nije timpels boud. Ek oare, lytsere Mormoanske denominaasjes bouwe timpels, mar de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen is fierwei de meast produktive bouwer fan timpels. Tusken 2000 en 2002 waard yn Zoetermeer de earste timpel fan Nederlân, de De Haach-timpel, boud.

Ingel Moroni

Boek fan Mormon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it Boek fan Mormon wurde de dissipels fan God oantrune om timpels te bouwen en God dêr te oanbidden: En ik Nephi boude in timpel, en ik boude de timpel op de wize fan de timpel fan Salomo, allinne koed er net fan sa'n soad kostbere materjalen boud wurde om't dy net te finen wiene yn it lân, dêrom koed er net neffens de timpel fan Salomon boud wurde (2 Nephi 5:16).

It ferskil tusken in gewoane Mormoanske tsjerke en in Mormoanske timpel leit yn it nivo fan hilligens fan de twa soarten gebouwen. Nei de ynwijing bliuwe de tsjerken gewoan iepen foar elkenien, mar de tagong ta de timpels is beheind en allinne tastien foar weardich achte minsken minsken mei in spesjale permisje om de timpel yn te gean. Wylst de gewoane tsjerken sneins de doarren iepensette, binne de timpels yn it wykein sletten. Yn in timpel wurde Mormoanske rituelen útfierd, sawol foar de libbenen as de deaden.

Yn in timpel dogge folgelings fan it leauwe formeel ûnthjitten oan God. It is it plak dêr't de heechste sakraminten fan it leauwe jûn wurde, lykas û.o. it besegeljen fan it ivige houlik, famyljebannen en generaasjes oer de dea hinne en de bejeftiging (endownment), in seremoanje wêrby't dielnimmers taret wurde op it libben yn 'e himel. Dielnimmers wurde waske en salve en krije in nije namme dy't elts foar him sels hâlde moat. Ek krije dielnimmers in timpelkleed, dat tenei altiten ûnder de gewoane klean droegen wurde moat.

Foar de deaden binne der de sakraminten fan de doop, de jefte fan de Hillige Geast en de wijing ta it preesterskip. It dopen fan deaden wurdt troch Mormoanen basearre op 1 Korinthiërs 15:29 Want wat sille dy minsken oars dwaan, dy't har dope litte foar de deaden?, dêr't hja út op meitsje dat it by de iere kristenen ek wenst wie.

Ofbylden timpels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: