De Haach-timpel

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Haach-timpel
Zoetermeer Den Haag-Tempel Zuidgevel.JPG
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Zoetermeer vlag.svg Zoetermeer
adres Osijlaan 2
bysûnderheden
type bouwurk Timpel
boujier 2000-2002
arsjitekt Meijer & Van Eerden
webside Side fan de timpel

De De Haach-timpel (Ingelsk: The Hague Netherlands Temple) is de 114e timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. De timpel stiet oan de Olijlaan yn Zoetermeer en wurdt brûkt troch it timpeldistrikt, dat Nederlân, Belgje en dielen fan Frankryk omfiemet. Under de timpel binne noch oare fasiliteiten lykas in parkeargaraazje en in distribúsjesintrum.

Skiednis Momoanen yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekearlingemonumint fan Broeksterwâld: it begjin fan de Mormoanske mienskip yn Nederlân

Yn 1841 kaam Orson Hyde, in lid fan it Kolleezje fan de Tolve Apostels, yn it ramt fan in tsjerkemissy nei Nederlân. Underweis nei Jeruzalim bleau er in lytse wike om hjir it evangeelje te bringen. It duorre lykwols noch oant 1861, doe't de earste sindelingen fan de Hilligen fan de Lêste Dagen nei Nederlân stjoerd waarden. Op 1 oktober 1861 waarden by Broeksterwâld de earste bekearlingen fan ús lân doopt. Dat wurdt dêr oan de Schwarzenbergloane mei it saneamde Bekearlingenmonumint betocht.

Tûzenen Nederlanners sletten harren dêrnei oan by de Mormoanen, mar de measten dêrfan emigrearren nei de Feriene Steaten, om't yn Utah de fasiliteiten fan de mienskip wiene. De Tsjerke fan de Hilligen fan de Lêste Dagen besiket tsjintwurdich de Mormoanen yn it eigen lân te hâlden om dêr de tsjerke fierder út te bouwen.

Yn Nederlân nimt it tal leden fan de mienskip stadichoan ta en tsjintwurdich telt de Nederlânske Mormoanske mienskip sa'n 8.000 leden.

Timpel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de timpel waard yn augustus 1999 oankundige en waard boud op it plak, dêr't de Mormoanen earder in tsjerkegebou út de jierren 1970 hiene.[1] In timpel en in tsjerke hawwe yn de Mormoanske tradysje elts in eigen funksje, lykas ek de joaden en iere kristenen eartiids njonken synagoge's en tsjerken ek timpels hiene.

Yn 2000 waard útein set mei de bou fan de timpel. Op 21 septimber 2001 waard op de dei, dat de Mormoanen betinke dat de ingel Moroni oan Joseph Smith ferskynde, it ferguld byld fan de ingel op de spits fan de toer set. Dat barde op dat stuit tagelyk mei de timpels yn Nauvoo en Boston. De timpel is in ûntwerp fan de arsjitekten Meijer & Van Eerden út Zoetermeer en boud fan Olympia White-granyt.

Fan 17 augustus 2002 oant 31 augustus wiene der iepen dagen foar belangstellend publyk, dêr't in goede 32.000 besikers op ôf kamen. De timpel waard op 8 septimber 2002 ynwijd troch de doedestiidske presidint fan de mienskip, Gordon B. Hinckle.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: