Salt Lake Temple

Ut Wikipedy
Salt Lake Temple
bouwurk
Salt Lake Temple, Utah - Sept 2004-2.jpg
lokaasje
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Utah.svg Utah
plak Flag of Salt Lake City.png Salt Lake City
adres 50 N West Temple, Salt Lake City, UT 84150
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1853-1893
boustyl Neogotyk
oare ynformaasje
hichte 64 meter
offisjele webside
churchofjesuschrist

De Salt Lake Temple is in timpel oan it Temple Square yn it sintrum fan Salt Lake City yn de Amearikaanske steat Utah. It is de grutste timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de timpel waard op 6 april 1853 útein set. Brigham Young, de twadde presidint en profeet fan de Mormoanske mienskip, lei de earste stien foar it bouwurk. Ynearsten soe sânstien foar de bou út in lokaal stiengat brûkt wurde, mar it die bliken dat dy stien ûngeskikt wie. Fanôf 1858 waard granyt út de Little Cottonwood Canyon, sa'n 30 kilometer súdeastlik fan de boulokaasje, helle. It ferfier dêrfan folge mei okseweinen en fanôf 1869 oer it spoar.

De bou rekke jimmeroan wat efterop en mei de ferfolging fan de Mormoanen kaam yn de jierren 1880 de bou hielendal stil te lizzen. Nei it ôfskaffen fan de polygamy yn 1890 en it dêrmei gearhingjende ein fan de ferfolging, koe it wurk wer trochgong fine. Doe't de bou lang om let foltôge wie, wijde Wilford Woodruff de timpel op 6 april 1893 yn; krekt fjirtich jier letter nei de earstestienlizzing.

De timpel is 64 meter heech en stiet op in grûnoerflak fan likernôch 23.500 m² en foarmet it sintrum fan it 40.000 m² grutte Temple Square. Lykas mei alle timpels fan de Mormoanske mienskip is de tagong allinne mooglik foar eigen leden mei tastimming fan harren eigen biskop.

It foar de timpel lizzende frij tagonglike Main Street Plaza waard yn 1999 foar USD 8.100.000 troch de stêd oan de Mormoanen ferkocht. Dêrmei waard de grûn partikulier terrein dêr't de Mormoanske regels jilde. Buorden meitsje de besiker dúdlik dat eltse persoan sûnder opjefte fan reden de tagong ta it terrein wegere wurde kin. Oanlieding foar it setten fan de buorden wie in frijend homopear, dy't op fersyk wegeren it hiem te ferlitten en fan hiemfredebrek beskuldige waarden.

Symbolyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it mormoanske leauwe foarmet symbolyk in wichtich tema. Ooan de timpel is in soad symboalyske fersierings te sjen. Ek binne der symboalen fan de frijmitselderij te sjen. De gouden ingel Moroni op de spits fan de toer symbolisearret de ingel Iepenbiering 14:6.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1912 besletten lieders fan de Mormoanske mienskip it boek The House of the Lord út te jaan. Dêryn waarden ek swart-wyt foto's fan it ynterieur publisearre. It boek folge nei't in jier earder in lid sûnder tastimming sels foto's fan it ynterieur makke hie. Ut de publikaasje stamme ûndersteande foto's fan it ynterieur.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Salt-Lake-Tempel