Springe nei ynhâld

Tieneke Clevering

Ut Wikipedy

Tieneke Clevering (Haulerwyk, 3 novimber 1993) is in Frysk amtner en bestjoerder.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tieneke Clevering waard berne yn Haulerwyk, mar letter ferhuze nei Warten dêr’t se op dit momint (2023) wennet. Se is de suster fan de olympysk kampioen roeien Ymkje Clevering.

Nei de basisskoalle hat se earst de Havo dien. Nei de Havo is se nei de Thorbecke Akademy yn Ljouwert gong en hat se de oplieding Bestjoerskunde dien en dêrnei hat se Sosjale Geografy en Planology oan de Ryksuniversiteit Grins studearre. Letter folge se noch in NCOI-oplieding Effectief overtuigen en beïnvloeden.

Houlik en gesin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tieneke Clevering hat twa bern. Se wennet mei har man yn Warten dêr’t se û.o. aktyf is yn it doarpsbelang.

Se wurket ek foar de Provinsje Fryslân as projectlieder fan it Iepen Mienskipsfûns, dit is in fûns wat graach fynansjeel en ynhâldelik byspringt yn projekten fan únderop dy’t Fryslân moaier meitsje.

Yn 2015 waard se de jongste wetterskipsbestjoerder fan Nederlân.  Tieneke Clevering is listtriuwer foar D66 Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: