Springe nei ynhâld

Ymkje Clevering

Ut Wikipedy
Ymkje Clevering
sporter
Ymkje Clevering (2022)
Ymkje Clevering (2022)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ymkje Clevering
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 july 1995
berteplak Haulerwyk
etnisiteit Frysk
lingte 1.85 m
gewicht 79 kg
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Acht,
Fjouwer sûnder stjoerfrou,
Twa sûnder stjoerfrou
O.S. Tokyo 2020
Parys 2024
debút 2014
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske spullen 2020
1x goud WK 2023
3x sulver WK 2019, 2022
3x goud EK 2019, 2020, 2021
2x sulver EK 2017, 2023
3x brûns EK 2018, 2022

Ymkje Clevering (Haulerwyk, 17 july 1995) is in Frysk roeister. Sy wûn yn 2021 sulver mei de fjouwer sûnder op de Olympyske Spullen yn Tokio. Yn 2023 waard se wrâldkampioen yn de twa sûnder.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clevering begûn yn 2014 by har stúdzje yn Grins mei roeien by A.G.S.R. Gyas. Yn 2017 debutearre sy yn de nasjonale seleksjes. It earste jier wûn hja yn de acht, al sulver op de Europeesk kampioenskippen yn it Tsjechyske Račice. It jier derop, by de EK fan 2018 yn Glasgow, helle se mei de acht de brûnzen medalje.

Tegearre mei Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn en Veronique Meester foarme Clevering fan 2019 ôf de fjouwer sûnder stjoerfrou. De roeiploech waard trije kear op rige Europeesk kampioen. Yn de Wrâldkampioenskippen fan 2019 wie it sulver harren part. By de Olympyske Spullen fan Tokio behelle it kwartet hast de gouden medalje, mar de Australyske froulju bleaune harren krekt foar.

By de Wrâldkampioenskippen 2022 yn it Tsjechyske Račice wist Clevering twa kear sulver te heljen, ienris yn de twa sûnder tegearre mei Veronique Meester, en in dei letter yn de froulju acht. Der wie opnij sulver yn de twa sûnder mei Meester by de EK fan 2023 yn it Sloveenske Bled. Mei in tiid fan 06.59,59 ferbetteren sy it út 2012 stammende Nederlânsk rekôr fan Claudia Belderbos en Chantal Achterberg, mar de tiid wie net genôch om de Roemeenske froulju foar te bliuwen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: