Tichel
Tichel is in âlde namme foar bakstien. It wurd is besibbe oan tegel en it Dútske Ziegel (= bakstien) en komt fan it Latynske tegula (= dakpanne). Immen dy't tichels makket is in ticheler.
De famyljenamme Tichelaar (= stienbakker) is derfan ôflaat. Ek de plaknammen Tegelen (om 1100: Tieglon) en Tielrode (866: Tigelrodo) ferwize nei bakstienproduksje.[1]
Yn Grinslân wurdt noch praat fan afgeticheld lân. Dat is lân dêr't de boppeste meter fan fergroeven is foar de produksje fan bakstiennen. Dêrtroch leit dat lân sa'n heale meter leger as de omkriten en wurdt it jierren nei it ôfgraven noch tichelland neamd. It stee dêr't ea it fabryk wie, is somtiid noch altyd bekend as tichelwurk (= stienfabryk), bygelyks de Tichelwerkspolder súdlik fan Bedum. Yn Fryslân hat de buorskip It Tichelwurk syn namme krigen fan de tichelwurken dy't dêr wiene.
Ien fan de klaaisoarten út Noard-Nederlân dy't bysûnder gaadlik is om mei te bakken is potklaai (klaai om potten fan te bakken). It bewurkjen fan dy grûnsoarte is in drege saak foar de lânbou en dêrom wurdt dy hast altyd as greide ynrjochte.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |