Thomas James (seefarder)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Thomas James

Thomas James (15931635) wie in Ingelske seefarder en ûntdekkingsreizger dy't besocht hat om de Noardwestlike Trochfeart nei Aazje te finen.

James wie faaks in soan fan in boargemaster fan Bristol yn Ingelân en wie advokaat yn dy stêd. Doe't in tal keaplju út Londen in ekspedysje finansiere mei it doel om as earste de Noardwestlike Trochfeart te finen, organisearre James op eigen manneboet in ekspedysje út Bristol wei.

James ferliet Ingelân yn 1631 mei de Henrietta Maria en 22 man. Hy ferkende de Hudsonbaai en moete dêr 29 july kapitein Luke Fox, dy't it kommando oer de Londenske ekspedysje hie. Op 1 septimber wie er de earste Europeaan dy't de Jamesbaai, yn it súdlik part fan de Hudsonbaai, ûntdiek. Dy baai waard letter nei him neamd.

Oktober waard er troch min waar en it iis twongen om op it eilân Charlton yn de Jamesbaai te oerwinterjen. Fan James syn bytsje ûnderfining as seefarder, in tekoart oan iten en klean en oare foarried hiene James en syn bemanning swier te lijen. Fjouwer manlju stoaren dy winter oan skuorbot. July 1632 gie de reis fierder. Yn de Noardlike Iissee waard de Henrietta Maria hast teplettere troch it skowend iis. Hy berikte 65°30' NB en gie doe werom nei Ingelân. Op 22 oktober kaam de slim teheistere Henrietta Maria yn Bristol oan.

James skreau in ferslach fan syn reis, The Strange and Dangerous Voyage of Captaine Thomas James, dat yn 1633 publisearre waard. James konkludearre dat der nei alle wierskyn gjin Noardwestlike Trochfeart besuden 66° NB wie. It sykjen nei de Noardwestlike Trochfeart waard opjûn en pas yn 1719 fannijs oppakt troch James Knight. Earst 1668 kamen der wer Europeanen yn de Hudsonbaai; de Franse pelskeapman en ûntdekkingsreizger Médard Chouart des Groseilliers en de Amerikaanske kaptein Zachariah Gillam ferkenden doe dat part fan de wrâld en rjochten de Hudson's Bay Company op.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens guon wie The Rime of the Ancient Mariner fan Samuel Taylor Coleridge ynspirearre troch it reisferslach fan kaptein James.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: