Springe nei ynhâld

Theodoor Hendrik van de Velde

Ut Wikipedy
Theodoor Hendrik van de Velde
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 febrewaris 1873
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 27 april 1937
stjerplak by Locarno (Itaalje)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt dokter, gynekolooch
aktyf as publisist
jierren aktyf ±19001937
bekendste
  wurk(en)
Het Volkomen Huwelijk

Theodoor Hendrik van de Velde (Ljouwert, 12 febrewaris 1873 – by Locarno, 27 april 1937) wie in Nederlânsk medikus en gynekolooch, dy't lange tiid direkteur wie fan it Gynekologysk Ynstitút yn Haarlim.

Van de Velde krige yn 1926 ynternasjonale bekendheid as auteur fan Het Volkomen Huwelijk, in populêr-wittenskiplik traktaat en selfhelpboek, dat yn 2004 troch Frederica Mathewes-Green yn 'e Amerikaanske National Review omskreaun waard as "it bêstferkeapjende sekshânboek aller tiden." Yn dy publikaasje briek Van de Velde in lâns foar kennis oer de wurking fan 'e minsklike geslachtsorganen en foar sensualiteit yn 'e erotyk.

Fan 'e Dútske oersetting, Die Vollkommene Ehe, waard al yn 1932 de 42ste printinge útjûn, nettsjinsteande it feit dat de Roomsk-Katolike Tsjerke it wurk op 'e Index Librorum Prohibitorum, de list mei ferbeane boeken, pleatst hie. De Sweedske oersetting, Det Fulländade Äktenskapet, wie yn Sweden rûnom bekend, al hie it wurk oant yn 'e sechstiger jierren de namme pornografysk fan aard te wêzen, en dêrom ûngaadlik foar jongere lêzers.

De Ingelske oersetting, Ideal Marriage: Its Physiology and Technique, wie yn 'e Angelsaksyske wrâld ferskate desennia lang it bekendste en meast alomfetsjende wurk op it mêd fan seksualiteit. It waard allinnich al yn 'e oarspronklike edysje 46 kear werprinte, en der giene mear as in heal miljoen eksimplaren fan oer de toanbank.

Njonken de ferneamdheid dy't Van de Velde troch Het Volkomen Huwelijk krige, hat er ek de ûntdekking, yn 1905, op syn namme stean dat froulju mar ienris yn in menstruaasjesyklus ovulearje. Dat holp om foarmen fan bertebeheining op basis fan 'e saneamde kalindermetoade te ferbetterjen, en droech letter ek by ta de ûntwikkeling fan oare systemen foar periodike ûnthâlding. Van de Velde kaam yn 1937 by it Italjaanske Locarno om by in fleantúchûngemak.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.