Thandie Newton
Thandiwe Adjewa (Thandie) Newton (Londen, 6 novimber 1972) is in Britsk aktrise. Har mem komt út Simbabwe, is fan Sjona-komôf, har heit is Ingelsk. Sy waard grutbrocht yn Londen en Penzance (Cornwall).
Newton gie nei de London’s Art Education School en woe ynearsten beropsdûnseres wurde. In oandwaning oan de rêch behindere dat lykwols. Se folge doe in toanieloplieding en moete sadwaande de regisseur John Duigan. Yn 1991 makke se yn dy syn film Flirting har akteardebút.
Dêrnei hold Newton in koart skoft yn Los Angeles ta, gie werom nei Ingelân en studearre archeology en antropology oan de Universiteit fan Cambridge. Yn de jierren 90 spile se in tal lytse filmrollen. Yn 1998 briek hja mei har rol yn Beloved troch yn Hollywood.
Foar har rol yn de film Crash wûn se in BAFTA award foar bêste aktrise.
Thandie is sûnt 11 july 1998 boaske oan senarioskriuwer Ol Parker en hat trije bern.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1991 - Flirting
- 1991 - Pirate Prince
- 1993 - The Young Americans
- 1994 - Interview with the Vampire
- 1994 - Jefferson in Paris
- 1994 - Loaded
- 1995 - Journey of August King
- 1997 - Gridlock'd
- 1997 - In Your Dreams
- 1998 - Besieged
- 1998 - Beloved
- 2000 - Mission: Impossible II
- 2002 - The Truth about Charlie
- 2003 - Shade
- 2004 - The Chronicles of Riddick
- 2005 - Crash
- 2006 - The Pursuit of Happyness
- 2007 - Run, Fatboy, Run
- 2007 - Norbit
- 2008 - RocknRolla
- 2008 - W.
- 2009 - 2012
- 2010 - Huge
- 2010 - Vanishing on 7th Street
- 2011 - Retreat
- 2012 - Good Deeds
sûnt 2013: Rogue (tf-rige)
- 2018 - Solo: A Star Wars Story
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thandie Newton fan Wikimedia Commons. |