Springe nei ynhâld

Tette Baukes Veltman

Ut Wikipedy

Tette Baukes Veltman (Haskerdiken of Aldeboarn, 18 maart 1791 - Fort Van der Capellen, Sumatra, 20 july 1833) wie in militêr. Hy waard bekend troch syn moedich gedrach op Sumatra (1821-1833) dêr't er as kapitein stoar.

Hy gie 1814 yn militêre tsjinst, die mei oan de Slach by Waterloo, gie yn 1815 as sersjant nei Nederlânsk-Ynje. Die as sersjant-majoar mei oan de Palembangske ekspedysje en ûnderskiede him sa, dat er ta ridder 4e klasse fan de M.W.O. en ta 2e luitenant fan de ynfantery beneamd waard. Yn 1823 waard er oerpleatst nei Sumartra W.K., yn 1825 beneamd ta 1e luitenant en yn 1831 ta kaptein. By in soad gelegenheden liet er yn de striid tsjin de Padri's bewizen fan moed en belied sjen. Hy hearde net ta de 'rûge' kriichslju fan dy tiid en syn tiidgenoaten, benammen syn ûndergeskikten hienen in soad respekt foar him.

Nei syn dea waard in yn it lânskip opsmiten ierden redûte Fort Veltman neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Meis - Palemb. oorlog van 1819-21 in Mil. Spect. 1842;
  • H.M. Lange - Het Ned. O.- I. leger ter W.K. van Sumatra ('s Hertogenbosch 1852) en uitvoerige levensbeschrijving, door H.M. Lange, in Mil. Spect. 1839, overgedrukt in Hand. en Gesch. Ind. Gen. V (1858).
  • Oer Tette Veltman
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Veltman, Tette Baukes.