Teodoarus fan Koaten
Dr. Teodoarus fan Koaten (Theodorus van Kooten) (Ljouwert, 22 oktober 1749 – Bennebroek, 1 febrewaris 1813) wie in Nederlânsk dichter, heechlearaar en politikus.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teodoar fan Kooten wie de soan fan in koster út Ljouwert. Hy ferbjustere de besite fan syn heit troch in willekeurige passaazje út de Grykske bibel flot yn it Nederlânsk oer te setten. Fan Koaten waard yn 1772 rektor yn Kampen en yn 1779 rektor in Middelburch. Fanôf 1782 of 1784 wie er heechlearaar Latynse taal en skiednis oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer. Hy waard lykwols yn 1787 twongen ûntslach te nimmen fanwege syn patriottistyske sympatyen. Dêrnei wenne er oant 1795 yn ballingskip yn Sint-Omaars, dêr't er gedichten yn it Latyn skreau.
Yn de Bataafske Republyk wie Fan Koaten mei Wybo Fijnje en Samuel Iperusz Wiselius lid fan it komitee foar de ûntmanteling fan de VOC. Yn 1798 waard Fan Koaten op oanstean fan Johannes Henricus Nieuwold Agint foar Nasjonale Opfieding, wat te beskôgjen is as de earste minister fan ûnderwiis. In jier letter naam er ûntslach út reden fan teloarstelling. Hy frege ferskate kearen om in stêf en in budzjet, mar dat waard troch de Direkteuren negeare. Hy waard oan de kant set en ferfongen troch Johannes van der Palm. Hy ferfarde nei Madrid as sekretaris fan Johan Valckenaer dy't dêr bûtengewoan-ambassadeur wurden wie. Yn 1801 kamen sy werom. Fan Koaten gie by Valckenaer yn Bennebroek yn, wylst syn foru en bern yn Kampen wennen. Dorus Droefheid, sa't er ek wol neamd waard, stoar yn de âldens fan 63 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk klassikus
- Frysk skiedkundige
- Frysk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Frysk politikus
- Frysk balling
- Nederlânsk klassikus
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk minister fan Underwiis
- Nederlânsk balling
- Patriot
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1749
- Persoan stoarn yn 1813