Springe nei ynhâld

Teodoarus Stratelates

Ut Wikipedy
Theodoarus Stratelates
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Gryksk
bertedatum 281
berteplak Achaea
stjerdatum 319
stjerplak Heraklea Pontika
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-otterdoksy
hjeldei eartiids 7 febrewaris (rk)
7 en 8 febrewaris (otterdoksy)
attributen militêr, lâns, skyld

Teodoarus Stratelates (Gryksk: Ἅγιος Θεόδωρος ὁ Στρατηλάτης), ek bekend as Teodoarus fan Heraklea (Gryksk: Θεόδωρος Ἡρακλείας; berne yn Euchaneia (no Çorum by Amasya yn Turkije, ferstoarn op 8 febrewarus 319 yn Heraklea yn Pontus (no Ereğli oan 'e Swarte See yn Turkije), wie in martler en wurdt benammen yn 'e Eastersk-otterdoksy as hillige fereare.

Oer de fraach of Teodoarus Stratelates en Teodoarus Tiro deselde persoan wiene, bestiet in soad betizing.

Teodoarus wie fan Grykske komôf en berne yn Euchaita yn Lyts-Aazje. Hy deade ris in ûnbidich grutte slang, dy't yn 'e bûtenwiken fan 'e stêd libbe en dêr it plattelân terrorisearre. Neffens guon legindes waard Teodoarus fanwegen syn moed ta generaal beneamd yn 'e stêd Heraklea Pontika. Yn 'e selde tiid begûn keizer Lisinius (397-324) de kristenen tige hurd te ferfolgjen. Ien fan harren wie generaal Teodoarus en Lisinius woe Teodoarus twinge om te offerjen oan 'e heidenske goaden. Foar dat doel noege Teodoarus Lisinius yn syn hûs en hy frege him syn goaden mei te nimmen, sadat hja tegearre foar de eagen it folk offers oan 'e goaden bringe koene. It waard foar Lisinius lykwols in grutte teloarstelling, want Teodoarus smiet foar it folk syn gouden en sulveren bylden stikken en dielde it goud en sulver dêrnei út oan 'e earmen. Sa demonstrearre Teodoarus it ûnsinnige leauwe yn sielleaze bylden en toande er kristlike neisteleafde.

Ikoan mei foarstellings út it libben fan Teodoarus Stratelates.

Teodoarus moast it lykwols mei de dea bekeapje: nei't er oppakt wie, mei izeren staven slein waard, mei skerpe punten pinige waard en se him de eagen útstutsen, sloegen se him oan it krús. Syn tsjinner Varus wie der tsjûge fan en lei alles skriftlik fêst. Om't God woe dat de dea fan Teodoarus foar de minsken like fruchtber wêze soe as syn libben, stjoerde God in ingel dy him fan it krús helle en syn wûnen better makke. De oare deis fûnen de keizerlike soldaten Teodoarus, libben en ûnskansearre. De soldaten seagen no mei eigen eagen de macht fan 'e kristlike God en hja lieten harren tichteby it plak fan 'e krusiging dope.

Teodoarus woe him lykwols net foar it martlersskip foar Kristus wei wine en dêrom joech er him frijwillich oan Lisinius oer. Underweis nei de eksekúsje barden der tal fan wûnders. Sa iepene Teodoarus de doarren fan finzenissen troch allinne te sprekken en minsken dy't syn klean oanrekken waarden fuort better fan syktes en befrijd fan demoanen. Foar syn dea joech Teodoarus de opdracht oan Varus om de tiid fan syn dea op te skriuwen en him te begraven yn Euchaita. Op 8 febrewaris 319 waard op in saterdei, op it tredde oere fan 'e dei Teodoarus ûnthalze.[1].

Twa Teodoarussen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Teodoarus Tiro (de soldaat) lofts en Teodoarus Stratelates (de generaal) rjochts.)

Mei't der yn 'e rin fan 'e tiid in soad tsjinstridige legindes ûnstienen oer it libben en it martlerskip fan Teodoarus, like it der op dat der sprake wie fan twa ferskillende hilligen mei deselde namme: Teodoarus Tiro ('Teodoarus de rekrút') en Teodoarus Stratelates ('Teodoarus de generaal'). De earste tekst dy't nei twa hilligen ferwiist is de 9e-iuwske Laudatio fan Niketas David fan Paflagon. Syn foarbyldige kristlike leauwe late ta in soad bekearingen yn it Romeinske leger, itjinge de reden wie dat Lisinius de bedriging fan it kristendom sa bot fielde. Ek binne der guon dy't tinke dat Teodoarus Tiro as in rekrút en gewoane soldaat foar de ynwenners fan Byzantium de beskermhillige fan 'e gewoane soldaten wie, wylst de militêre hegerein in patroanhillige út eigen rûnten sochten. Oer it algemien wurdt lykwols oannommen, en dat jild fral foar de Roomsk-Katolike Tsjerke, dat der mar ien Teodoarus west hat.

Yn 'e keunst wurde beide Teodoarussen fakentiden mei swart hier en puntige burden ôfbylde. Yn âlder wurk hat Teodoarus Tiro in burd mei ien punt en Teodoarus Stratelates in burd mei twa punten. Faak wurde de Teodoarussen tegearre ôfbylde.

Fan beide hilligen wurdt somtiden sein dat se in skryn yn Euchaita yn Pontus hiene. Yn feite bestie dy skryn al foardat der ûnderskied tusken de hilligen makke waard. De aparte skryn fan Stratelates wie yn Euchaneia (it hjoeddeiske Çorum yn Turkije), in oar plak likernôch 35 km west fan Euchaita (it moderne Avkhat yn Turkije).

Foardat de reliken fan Sint-Markus yn it jier 828 nei Feneesje brocht waarden, wie Teodoarus de patroanhillige fan 'e stêd. De oarspronklike kapel fan 'e doge wie wijd oan dy hillige. It liket der op dat de Fenesianen gjin ûnderskie makken tusken Teodoarus Tiro en Teodoarus Stratelates.

Teodoarus wurdt fereare as beskermhillige fan soldaten. Hy wurdt betocht op 8 juny. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Teodoarus Stratelates net mear liturgysk betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Theodore Stratelates (ferzje 3 oktober 2024).