Springe nei ynhâld

Telefyzjenetwurk

Ut Wikipedy

In telefyzjenetwurk of tillefyzjenetwurk is in organisaasje dy't ferskillende telefyzjestasjons yn eigendom en/of behear hat en/of fan telefyzjeprogramma's foarsjocht. It is in begryp dat benammen in protte brûkt wurdt yn Noard-Amearika en Austraalje. Dêr biede sokke netwurken in programmearring dy't foar it hiele lân fierhinne itselde is, mar foar in diel taspitst op 'e regio, lykas nijsprogramma's en waarberjochten. Guon netwurken besitte sels in grut tal telefyzjestasjons, wylst oaren wurkje mei assosjearre stasjons dy't bestjoerlik selsstannich binne. It komt ek foar dat beide foarmen fan stasjons by ien netwurk oansletten binne. Bekende foarbylden fan telefyzjenetwurken binne ABC, CBS en NBC yn 'e Feriene Steaten, CBC yn Kanada, ABC yn Austraalje en de BBC en ITV yn it Feriene Keninkryk.

In soad tsjintwurdige telefyzjenetwurken binne oarspronklik ûntstien út eardere radionetwurken. In wichtich ferskil tusken in telefyzjenetwurk en it Nederlânske begryp omrop is dat in netwurk de hiele of hast de hiele programmearring fan mear as ien telefyzjestasjon fersoarget, wylst omroppen de útstjoertiid op ien telefyzjestasjon mei-inoar diele. Yn 'e Nederlânske kontekst kinne benammen RTL Nederlân en SBS Broadcasting (dy't de telefyzjestasjons RTL4, RTL5, RTL7 en RTL8, resp. Net5, SBS6, SBS9 en Veronica yn eigendom hawwe) wol as telefyzjenetwurken sjoen wurde, ek al wurdt dy term yn Nederlân mar selden brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.