Springe nei ynhâld

Technyske Universiteit Delft

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Technyske Hegeskoalle Delft)
Technyske Universiteit Delft
Namme
Ofkoarting TU Delft
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Delft
Oare bysûnderheden
Type iepenbier/technysk
Oprjochting 8 jannewaris 1842
Rektor Prof.dr.ir. Tim van der Hagen
Presidint Prof.dr.ir. Tim van der Hagen
Tal studinten 26.480 (2020)
Netwurken 4TU, IDEA, CESAER, EUA, SAE, ATHENS
Offisjele webside
Webstee
(Earder) haadgebou mei toer, sûnt it kolleezjejier 2008-2009 yn gebrûk as fakulteit Boukunde
Achterkant fan de aula, mei ingong fan it restaurant

De Technyske Universiteit Delft (TU Delft) is in Nederlânske technyske universiteit yn de stêd Delft. It is de âldste en grutste Nederlânske iepenbiere technyske universiteit. Fan 2022 ôf wurdt er troch QS World University Rankings oardere by de 10 bêste technyske universiteiten yn de wrâld. Op it mêd fan arsjitektuer en sivile technyk stiet TU Delft op it 2e plak yn 'e wrâld, nei MIT (Massachusetts Institute of Technology).

De TU Delft is fertsjintwurdige yn de Stichting Akademysk Erfgoed, in stichting dy't as doel hat om universitêre kolleksjes en kultuerskatten yn stân te hâlden.

De universiteit is fuortkaam út de Koninklijke Akademie ter opleiding van boargerlike ingenieurs zoo voor 's lands dienst als voor de nijverheid en van kweekelingen voor den handel, dy't op 8 jannewaris 1842 stichte waard, mei stipe fan kening Willem II. De earste direkteur en grûnlizzer wie Antoine Lipkens. [1]

Op 2 maaie 1863 waard it technysk ûnderwiis yn Nederlân wetlik reglemintearre, en dêrby yn de sfear fan it middelber ûnderwiis brocht. By Keninklik Beslút waard it jier dêrop, op 20 juny 1864 de Koninklijke Akademie opheft, en waard Delft oanwiisd as plak foar de fêstiging fan de Polytechnische School te Delft.

Mei de wet fan 22 maaie 1905 die de namme "Technische Hoogeschool van Delft" syn yntree. It akademysk nivo fan de oplieding waard dêrmei erkend, en de Hegeskoalle krige de status fan universiteit. Ek it promosjerjocht waard dêrmei ynfierd. It tal studinten yn dy tiid lei om de 450 hinne.

Yn novimber 1940 brutsen op de hegeskoalle, lykas yn Leien, stakingen út as in reaksje op it ferbod oan Joadske amtners, en dus oan guon heechleararen, om les te jaan. Dat late ta in sluting fan de hegeskoalle troch de Dútsers. Dit wiene de earste stakingen tsjin it Dútske bewâld en de Joadeferfolging yn Nederlân. Nei in staking ein novimber 1940 wie de hegeskoalle troch de besetter sletten. Op 15 april 1941 waard de hegeskoalle weriepene ûnder strang Dútsk tafersjoch. Ek yn de dêropfolgjende oarlochsjierren wie der sprake fan fûl ferset fan Delftske studinten en dosinten yn de Twadde Wrâldoarloch.

By de wet fan 7 juny 1956 krige de Hegeskoalle rjochtspersoanlikheid. Ta beslút waard wetlik regele dat de namme Technische Hogeschool Delft per 1 septimber 1986 feroare wurde soe yn Technische Universiteit Delft, om betizing foar te kommen mei ynstellingen foar heger beropsûnderwiis dy't har hegeskoalle neame soene.

It byldmerk fan de TU Delft befettet in flam boppe de "T" fan "TU Delft". Flam en letter foarmje mei-inoar in brânende toartse. Dat ferwiist nei it fjoer fan Prometheus, in Grykske mytologyske figuer dy't it fjoer fan de goaden stiel en it oan de minsken joech. Prometheus learde de minskheid om metaal te bewurkjen mei help fan it fjoer. Om dy reden wurdt er wolris beskôge as de alderearste learmaster yn de technyk. Op it terrein fan de TU Delft stie in brûnzen byld dat Prometheus foarstelde. Yn jannewaris 2012 waard it byld stellen, en yn 2016 waard in nij byld pleatst. It byldmerk waard yn 1983 ûntwurpen troch Gerard Schilder fan ûntwerpburo 2D 3D en yn 2002 oanpast troch René Hofman fan Euro RSCG Bikker. De kleuren binne blau (Pantone Process Cyan) en swart, de letters binne yn lettertype Univers steld.

Underwiis en ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tal meiwurkers fan de TU Delft skommele tusken 2000 en 2009 tusken de 4.000 en de 4.500. Yn 2021 hie de universiteit 431 promoasjes.[2]

Gebou fan de Fakulteit Sivile Technyk en in part fan it Mekelpark (2011)

Underwiis en ûndersyk yn ferskate rjochtingen bart binnen de ferskillende fakulteiten (ynearsten waarden dy 'ôfdielingen' neamd). Sûnt de oprjochting fan 'e universiteit naam it tal fakulteiten stadichoan ta. Anno 1998 hie de universiteit sa'n 16 fakulteiten. Troch besunigingen en fannijs strukturearjen waard der yn de jierren dêrnei lykwols yngeand snoeid yn dat oantal. Anno 2013 hat de TU Delft 8 fakulteiten dy't yn totaal 16 bachelor-opliedingen en 39 master-opliedingen oanbiede. In oersjoch fan de fakulteiten en harren bachelor-opliedingen is sa:

Akademyske gearwurkingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 is mei gearwurking útein set tusken it Imperial College yn Londen, de Technyske Universiteit yn Helsinki, de Rheinisch-Westfälische Technyske Hegeskoalle yn Aken en de TU Delft op it mêd fan technyske ierdwittenskippen, wêryn't twa programma's oanbean waarden, in saneamde EMC (grûnstofwinning) en EMEC (grûnstofferwurking). Underwilens is dy master útgroeid ta de Federation of European Mineral Programs, dêr't de folgjende partijen yn partisipearje: Rheinisch-Westfälische Technyske Hegeskoalle Aken, de Technyske Universiteiten yn Berlyn en Bergakacademie Freiberg (Dútslân), Delft (Nederlân ), Helsinki (Finlân), Koice (Slowakije), Wroclaw (Poalen), de Universiteit fan WroSB). Dat it Imperial College yn Londen docht net mear mei yn dizze federaasje.

Yn septimber 2006 binne de Eidgenössische Technische Hochschule, de Rheinisch-Westfälsche Technyske Hegeskoalle fan Aken en de TU Delft begûn mei in mienskiplike master tapaste geofysica as spin-off fan de mienskiplike IDEA League. De dielnimmers studearje dêrby efterinoar yn Delft, Zürich en Aken, wêrnei't de studint sels it plak bepale kin wêr't er syn ôfstudearprojekt docht. Dat it om in folslein mienskiplike oplieding giet, mei ien eksamenreglemint en ien kurrikulum, is unyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Foar in beskriuwing fan de oanlieding ta de oprjochting fan de Keninklike Akademy en de redenen foar de fêstiging derfan yn Delft, sjoch û.a. de Jong, F. (1992) De polytechnische school. Een eerbiedwaardige instelling. Yn: Hilkhuijsen, J. W. L., Leeuwen, H. W. v., Wiechmann-Oomens A.C.A., & Stedelijk Museum Het Prinsenhof Delft. (1992). De stad Delft cultuur en maatschappij van 1813 tot 1914. Delft: Stedelijk Museum Het Prinsenhof, s. 213-222
  2. Jierferslach 2021, TU Delft, april 2022