Springe nei ynhâld

Tamaulipashazze

Ut Wikipedy
Tamaulipashazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus altamirae
E.W. Nelson, 1904
IUCN-status: – (net beoardiele)
ferspriedingsgebiet

De Tamaulipashazze (wittenskiplike namme: Lepus altamirae) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dizze soarte heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). De Tamaulipashazze komt foar yn 'e Meksikaanske steat Tamaulipas, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Lang waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan 'e swartsturthazze (Lepus californicus), mar nij ûndersyk brocht oan it ljocht dat it in aparte soarte is. De Tamaulipashazze wurdt slim yn syn fuortbestean bedrige.

De Tamaulipashazze waard foar it earst yn 1904 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Edward William Nelson. Dyselde joech it bist de wittenskiplike namme Lepus altamirae, nei de stêd Altamira, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Lang waard oannommen dat de Tamaulipashazze in ûndersoarte wie fan 'e swartsturthazze (Lepus californicus). Yn 2019 waarden lykwols de útkomsten fan nij wittenskiplik ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan it bist bekendmakke, dêr't út bliek dat de Tamaulipashazze eins in sustertakson is fan 'e Meksikaanske hazze (Lepus flavigularis), dy't oan 'e Pasifyske kust fan Meksiko foarkomt. Dêrop waard de Tamaulipashazze troch it gesachhawwende Amerikaansk Genoatskip fan Mammalogen (ASM) wer as aparte soarte erkend.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Tamaulipashazze is frij beheind. Dit bist komt foar yn it súdlike diel fan 'e Meksikaanske steat Tamaulipas, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Dêrwei strekt it areaal him út nei it uterste noarden fan 'e oanbuorjende steat Veracruz yn it suden, en nei de eastlike grins fan 'e steat San Luis Potosí yn it westen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan uterlik liket de Tamaulipashazze in protte op 'e swartsturthazze (Lepus californicus), wêrfan't er lang as in ûndersoarte beskôge waard.

It biotoop dêr't de Tamaulipashazze foarkomt, bestiet út kustflakten, dy't begroeid binne mei gers en hjir en dêr in klútsje strewelleguod.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen en de fuortplantingssyklus fan 'e Tamaulipashazze is sa goed as neat bekend, al mei oannommen wurde dat it net al te bot ôfwike sil fan besibbe hazzesoarten. Oer it dieet kin inkeld mei wissichheid sein wurde dat it herbivoar is.

De Tamaulipashazze hat gjin IUCN-status om't der noch gjin beoardieling troch de IUCN plakfûn hat. De earste eksimplaren waarden yn 1898 sketten om wittenskiplik beskreaun te wurden. Sûnt binne der gjin nije eksimplaren sammele, en lang wiene saakkundigen bang dat it ferspriedingsgebiet fan 'e Tamaulipashazze tige ynkrompen wie of dat it bist sels al útstoarn wie. Yn 2014 waard lykwols in eksimplaar fan wat wierskynlik de Tamaulipashazze is, fotografearre yn 'e neite fan Soto la Marina. En yn 2016 waarden mei in kamerafâle opnamen fan in eksimplaar makke by de Laguna Madre, dy't ferspraat waarden fia Facebook en Twitter.

Sadwaande wurdt no oannommen dat de Tamaulipashazze, hoewol tige seldsum, noch altyd yn it wyld foarkomt. Yn 2021 waard in nije waarnimming fan in eksimplaar dien yn it uterste noardeasten fan 'e steat San Luis Potosí, in krite wêrfan't foarhinne it foarkommen fan 'e Tamaulipashazze ûnbekend wie. Mooglik dat it ferspriedingsgebiet fan it bist stadichoan wat opskoot nei it binnenlân troch habitatferlies oan 'e kust. Yn 2022 ferskynde in wittenskiplik rapport wêryn't de opnamen út 2016 en 2021 befêstige waarden as mei wissichheid fan 'e Tamaulipashazze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.