Springe nei ynhâld

Tamar van den Dop

Ut Wikipedy
Tamar van den Dop
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tamar van den Dop
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 febrewaris 1970
berteplak Amsterdam
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
gjint

Tamar van den Dop (Amsterdam, 8 febrewaris 1970) is in Nederlânsk aktrise, regisseur en senarioskriuwster.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van den Dop studearre yn 1993 ôf oan 'e Toanielakademy Maastricht, mar wûn al yn 1991 in beskate bekendheid mei har rol yn 'e film De Provincie, wêrby't topakteurs Thom Hoffman, Pierre Bokma en Gijs Scholten van Aschat har tsjinspilers wiene. Dy rol smiet har in nominaasje foar in Gouden Keal op. Yn 2000 waard hja jitris foar dy priis nominearre foar har rol yn 'e film De Omweg. Ek spile hja mei yn 'e mei in Oscar bekroande film Karakter, út 1997. By it grutte publyk waard Van den Dop fral bekend troch har tillefyzjewurk, yn searjes as Zwarte Sneeuw, út 1996 (dêr't se in Gouden Byld mei wûn), en Wolfsbergen, út 2007. Fierders spile hja by ferskate toanielselskippen. Op dat mêd wûn hja yn 2000 in Colombina foar har rol as Hanna yn 'e foarstelling Schlemiel, en waard hja yn 2013 nominearre foar noch in Colombina foar har optreden yn Speeldrift.

Njonken har aktearkarriêre is Van den Dop ek aktyf as regisseur. Se hie súkses mei har koarte films Lot en Schat. Dat wiene de Nederlânske ynstjoerings foar de Oscars yn 2002, resp. 2004. Lot smiet har sawol de Spesjale Sjuerypriis as ek de Publykspriis op by it Festival Premiers Plans d'Angers yn it Frânske Angers. Yn 2007 regissearre Van den Dop foar it earst in spylfilm, mei as titel Blind. Dêrfoar skreau hja sels, yn gearwurking mei Thomas Verbogt, ek it senario, dat basearre is op it mearke De Sniekeninginne, fan Hans Christian Andersen. Datselde senario is ek bewurke ta in novelle, dy't útjûn is troch útjouwerij Podium. Yn 2013 kaam Van den Dop har twadde lange film út, Supernova, dêr't se op it Kolkata International Film Festival yn it Yndiaaske Kalkutta in Golden Royal Bengal Tiger Award mei wûn yn 'e kategory bêste rezjy.

Fan 2016 ôf wurket se by it Nationale Theater (ûnder oare Leedvermaak-trilogy, De jaren, Every briljant thing en Laagland).

Yn dy jierren hie Van den Dop te krijen mei ferskate foarmen fan diskriminaasje op bygelyks flakken fan âldens, mem-wêzen (opnames yn fakânsjeperioade) en uterlik.

Yn 2023 wie se te sjen yn de searje De droom van de jeugd, wêryn 't se de rol spilet dy 't by har leeftiid en situaasje past. Yn datselde jier folge de dokumintêre Mag ik je aanraken? (in ôflevering fan Het uur van de wolf), wêryn 't se in ferskate groep akteurs ûnderfreget oer it spyljen fan seksgetinte senes en harren gefoelens dêrby. Guon hawwe wurke mei in yntimiteitskoördinator en mei silikoanen of stoffen bufferkes dy 't direkt hûdkontakt op erogene sônes foarkomme. Guon iverje foar in diverser byld fan seks. Oaren fine de nije ûntwikkelingen mar ûnsin.

Tamar van den Dop is troud mei fotograaf en kameraman Gregor Meerman. It pear hat twa bern.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: