Tam o' shanter (holdeksel)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In heap tam o' shanters fan tartanstof.

De tam o' shanter (útspr.: [tæm ə 'ʃæntər], likernôch "temme sjenter") is in tradysjoneel Skotsk holdeksel dat ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht. De namme is ûntliend oan 'e lyknammige haadpersoan fan it ferneamde gedicht Tam o' Shanter, út 1790, fan 'e grutte Skotsktalige dichter Robert Burns. De tam o' shanter is ien fan trije holdeksels dy't troch manlju yn Skotske klaaiïng droegen wurde kinne, mar oars as de glengarry en de Balmoral-baret wurdt de tam o' shanter benammen droegen ûnder ynformele omstannichheden; dit holdeksel wurdt yn 'e regel as ûngaadlik beskôge foar formele gelegenheden.

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tam o' shanter is in wollene baret, dy't foarhinne út ien stik mei de hân breide waard, om dêrnei útrutsen te wurden oer in houtene pasfoarm, sadat er syn opfallende platte brede krún krige, en úteinlik ferfilte. Wat tam o' shanters fan oarsoartige baretten ûnderskiedt, binne de tearen yn 'e wide krún en fral ek de houtene, mei stof oerdutsen pompon (toorie) yn 'e midden boppe-op 'e krún. Oarspronklik kamen tam o' shanters inkeld yn it swart, blau en brún foar, mar nei't yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw goedkeape gemyske ferven beskikber kamen, koene se yn alle kleuren makke wurde. Tsjintwurdich wurde se ek in protte yn tartanstof produsearre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meitsjen fan tam o' shanters wie yn Skotlân eartiids in spesjaal ambacht, wêrfan't de beoefeners har tsjin 1599 yn fiif Skotske stêden (Edinburch, Aberdeen, Perth, Stirling, en Glasgow) yn in gilde feriene hiene. Soksoarte baretten wiene oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw nei't it skynt de moade foar sawol hearen as tsjinstfolk en dat bleau de hiele santjinde iuw troch sa. Nei't Robert Burns yn 1790 syn ferneamde gedicht publisearre hie oer in baretdragende Skot dy't leaver mei syn freonen yn 'e kroech siet as mei wiif en bern thús, rekke Tam o' Shanter, de namme fan sawol de haadpersoan as it gedicht sels, oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e moade om 'e âldste foarm fan 'e Skotske baret fan oare foarmen (lykas de Balmoral-baret) te ûnderskieden.

Yn 1915 begûn de Skotske ynfantery yn 'e rinfuorgen fan 'e Earste Wrâldoarloch foar it earst in khaki tam o' shanter as ûnderdiel fan it militêr unifoarm te dragen (as ferfanging foar de glengarry). Yn militêr jargon kaam dit holdeksel bekend te stean as de 'ToS' (útspr.: [ti:oʊ'ɛs], "tiijowès"). Tsjintwurdich is it noch altyd yn gebrûk by it Britske Keninklik Regimint fan Skotlân en by ferskate Kanadeeske legerûnderdielen. Yn 'e 1920-er jierren waard der ek in foarm fan 'e tam o' shanter foar froulju ûntwikkele, dy't bekendstiet as de 'tammy' of koartwei 'tam'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.