Balmoral-baret
De Balmoral-baret (Ingelsk: Balmoral bonnet) is in tradisjoneel Skotsk holdeksel dat ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht, en kin sawol yn formele as ynformele omstannichheden droegen wurde. It is ien fan trije holdeksels dy't troch manlju yn Skotske klaaiïng droegen wurde kinne (de oaren binne de tam o' shanter en de glengarry).
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Balmoral-baret is in baret, dy't foarhinne yn 'e regel in rommere krún hie as tsjintwurdich. Hy is makke fan fine wollene stof en is ornaris dûnker fan kleur, meast dûnkerblau, swart of dûnkersyaan ("Lovat green"). Boppe-op sit in pompon (toorie), dy't tradisjoneel read fan kleur is. In pear linten dy't oan 'e efterkant fêstsitte oan 'e bân en oarspronklik brûkt waarden om 'e baret stevich fêst te setten, lit men no faak los delhingje.
In rezjimintsembleem (as it om in ûnderdiel fan in militêr unifoarm giet) of in klanembleem (by boargerlike dracht) wurdt skean lofts fan foarren befêstige oan in kokarde fan side of grosgrain, dy't ornaris swart, wyt of read is. De baret wurdt dan yn 'e regel skean op 'e holle set, sadat it embleem better te sjen is. Guon Balmoral-baretten hawwe in rútsjese bân oan 'e ûnderrâne, meastal besteande út wite en reade flakken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Balmoral-baret is neamd nei it Kastiel fan Balmoral, in bekende residinsje fan 'e Britske monarch yn Skotlân. De dracht fan dit holdeksel, dat him oarspronklik ûntjoech út 'e âldere tam o'shanter, giet teminsten werom oant de sechstjinde iuw. De namme 'Balmoral-baret' kaam pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e moade; foartiid stie it bekend as de Kilmarnock-baret (Kilmarnock bonnet). Oant 2006 waard de Balmoral-baret noch troch beskate Skotske rezjiminten fan it Britske leger droegen; tsjintwurdich is dit holdeksel inkeld noch yn militêr gebrûk by ferskate Kanadeeske rezjiminten út Nij-Skotlân en Ontario.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |