Springe nei ynhâld

Tademastate (Kollum)

Ut Wikipedy
Tadema grêfsark

Tademastate of Domabosch wie in state noardeastlik fan Kollum, gemeente Kollumerlân. Op it stee fan de state stiet no in pleats.

De state is mooglik om 1600 ûntstien út in ‘gewoane’ pleats. Tademastate waard oan it begjin fan de 17e iuw bewenne troch Benno Tadema. Hy wurdt neamd yn 1623 “op de Uiterdycken”, dat is yn de Uiterdijkstercluft en dus hast seker op Tademastate. Mooglik hat hy de state bouwe litten. Benno wie yn 1617 ûntfanger-generaal (direkteur fan de belestingstsjinst) fan de gritenij Kollumerlân en rekkenmaster fan de provinsje Fryslân fanwege Eastergoa. Hy stoar net-troud op 13 maart 1636 en makke syn nichtsje Doedtje (Dodonea) ta syn erfgenamt. Hja wie in dochter fan Kempo fan Tadema, rekkenmaster fan Fryslân en dykgraaf fan Kollumerlân, en hie yn 1622 (op 2-jierrige leeftiid) Tademastins westlik fan it doarp fan har heit erfd.

Yn de tsjerke fan Kollum leit in grêfsark foar Kempo fan Tadema († 1722), mar dêryn ek de neitins fan Catharina fan Scheltinga († 1631), Kempo Tadema fan Doma († 1670) en Geertje fan Scheltinga († 1635) yn beitele is. Tusken de groefde pylders fan de renêssânse middenpartij steane twa familywapens ûnder in helmteken. Ek soksoarte (ôfhakte) wapens yn de fjouwer hoeken en fierders in oantal deadssymboalen en allegoaryske frouljusfigueren dy't leauwe, hope en leafde útbyldzje.

Bewenners
  • 1623 Benno Tadema
  • 1636 - 1652 Dodonea fan Tadema en Pibo fan Doma
  • 1652 – ± 1675 Pibo fan Doma (eigener)
  • 1657 – 1670 Kempo Tadema fan Doma (bewenner)
  • 1662 – 1688 Petrus fan Rosema en Catharina fan Doma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg en Regnerus Steensma - Nederlandse monumenten in beeld, Groningen Friesland Drenthe, 1975