Springe nei ynhâld

Tademastate (Jistrum)

Ut Wikipedy

Tademastate wie in state yn de buorskip Tilbuorren yn Jistrum, gemeente Dongeradiel.

Westlik fan Mellema leit de as terp beskerme Tilbuorren. Oan beide kanten fan it terrein, dat op de kadastrale minútkaart noch beboud wie en troch Eekhoff Heemstra neamd wurdt, leit yn 2010 it omgrêfte terrein fan de pleats Tadema. Tadema waard yn de 16e iuw bewenne troch de famylje dy't yn froulike line ôstammet fan de aadlike eigeners, de Heemstra's. Mooglik hat Tadema in stins west.

De kadastrale minútkaart jout in kop-hals-romppleats, dy 't blikens de pylders dy't yn de eftergevels stienen, om 1800 boud wêze sil. Nei de brân yn 1964, binne dy ûnderdielen brûkt by de wenbuorkerij Doniasathe yn Easternijtsjerk. It foarhûs wie yn 1868 as dwershûs fernijd. By de nijbou yn 1964 troch it Meindert Doumalien is in gevelstien ûntbleate mei as opskrift:

Foar stúdzje-stipe by 't Douma Lien kaem
waerd Tadema fiks ûnder hannen naem
Forgreate en fornijde op 't alde sté
Kaem der rom plak foar minske en fé
  • Take en Menke Heemstra, yn 1511 eigeners fan it grutste diel fan Tadema. Take syn soan is:
  • Syuert Heemstra, mei Take Heemstra syn pakesizzer Johannes Willems Heemstra eigener fan Tadema yn 1543. In omkesizzer fan Johannes Willems Heemstra is:
  • Bauck Buyngha, troud mei Jan Cornelis. Hja keapje rjochten yn Tadema yn 1560
  • <1629 keapet Gercke Sypts twa fan de trije Tadema-sates (SC11 en SC12); de tredde (SC3) is yn 1640 eigendom fan Douwe Aylva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis
  • States en stinzen yn Fryslân