Doniastate (Easternijtsjerk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Doniastate, Donia Sathe of Doma lei oan de Ropsterwei 5 súdeastlik fan Easternijtsjerk, gemeente Dongeradiel. Op it steed stiet no in pleats.

De Abtenlevens fan Mariengaarde beskriuwe de famylje fan Dodo te Easternijtsjerk yn meardere generaasjes; it goed fan dy famylje wienen yn de 12e iuw as tarêsting fan de oan St. Cecilia wijde parochytsjerke en fan de Mariengaarder úthôf. It tsjerklike goed en dat fan de úthôf foarmen dan ek in oanienslutend kompleks. Krektas yn Bernarda- of Bannerhûs by Lichtaard liket it komplete adelsgoed sa in religjeuze bestimming krigen te hawwen. Nijsgjirrich is dat ien fan de sates op it úthofterrein Donia hjitte, in namme dy't komt fan de foarnamme Dodo. Inselde parallel tusken foarnamme en hûsnamme falt yn de 13e iuw ek by oare huzen fêst te stellen. Sa bygelyks yn Bannerhûs yn Lichtaard, Jelgerhûs en Camminghaburen by Ljouwert, en Siuxma yn Waaksens.

Donia Sathe is sûnt 1977 as wenbuorkerij yn gebrûk. Under oaren arsjitekt Gunnar Daan har der wenne.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 12e iuw Dodo (?)
  • 1511 kleaster Bethlehem
  • 1580 - 1640 Steaten fan Fryslân
  • 1640 Tiete Tietes Doma
  • 1700 Upt Cornelis Doma
  • 1748 Jan Harmens Rintjema (pachter, letter mei-eigener)
  • 1754 Tabe Ettes (pachter)
  • 1786 - 1818 Maayke Hendriks van der Meij, widdo Jan Harmens Rintjema eig.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: