Tûnelûken

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Iepen Frysk Kampioenskip yn Akkrum (1984)

Tûnelûken is in Fryske folkloaresport dy't nij libben ynblazen is troch de Bruorren Anker út Akkrum en Sportreal. De earste wedstryd wie yn 1984. Eartiids waard it wol mear dien yn in tal Fryske stêden. Yn 1985 binne der telefyzjeopnames makke troch Veronica-sport wêrnei't it tûnelûken op mear as 19 oare plakken dien waard: Utert, Lelystêd, Julianadoarp, Holten, Offenwier, Sint Nyk, Bakkefean en oer de Noarderdwersfeart yn Drachten. Hjirby waard faak de ynstallaasje fan Sportreal Akkrum brûkt. In dielnimmer sit hjirby op in echte húsketûne dy't draait om in sjippeglêde mêst fan 9 meter dy't boppe de Boarn hinge. It giet om it ôfleine ôfstân en de tiid dy't dêrfoar nedich is. Troch te lûken oan in tou dat troch in katrolkonstruksje rint moat in dielnimmer him nei de oare kant ta lûke.

Spulregels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt striden yn ferskillende klassen: froulju oant en mei 16 jier, froulju fan boppe de 17 jier en manlju oant en mei 16 en en 17 jier en âlder. De bêste 5 per kategory geane oer nei de finaleronde en mei yn dat ferbân noch twa pogingen dwaan. As tiidlimyt foar junioaren jildt 60 sekonden, foar senioaren 40 sekonden. Fan de yn totaal dan trije ûndernomme pogingen mei de minste ôflutsen wurde, wêrnei't de prizen útrikt wurde kinne. At dielnimmers út lykwicht drige te reitsjen meie se har net fêstklampe oan de mêst, oars folget diskwalifikaasje. Allinnich it tou en de tûne meie fêsthâlden wurde. Wa't foar it berikken fan it einpunt yn it wetter falt is útskeakele.

Rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henk Wim Galama út Haulerwyk hat it Fryske rekord, mei 10,68 sekonde (1986). Doe't er yn 1986 trije kear efter elkoar de earste priis wûn, mocht der de earste wikselbeker hâlde. Rekordhâldster by de froulju is Petra van Smeden út Drachten mei 24,03 sek. (1986). Winners Iepen Frysk kampioenskip:

Jier Manlju Froulju Jonges Famkes
1986 Henk Wim Galama
Haulerwyk
Klazien Riemersma
Drachten
Jeroen Dik
Epsen
Petra Jousma
Eastersee
1985 Henk Wim Galama
Akkrum
Ike Schouwstra
Grou
Niels Schimmel
Haulerwyk
Margriet Brouwer
Munnikebuorren
1984 Henk Wim Galama
Akkrum