Swob Sjaardema
Swob Sjaardema, better bekend as Swobs Lauwa (betsjut: falske trou), wie in Frysk ealfrouwe. Yn 1480 ferdigene sy, de widdo fan Skieringer Jarich Hottinga, har stins yn Nijlân. Troch in mûklist slagge it har om har fijân Skerne Wibe yn hannen te krijen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swob wie yn 1435 berne yn Frjentsjer. As dochter fan Douwe Tjaerts Aylva en Edwert Sjaarda. Mei as bruorren Tjaert en Sicke.
Bernetiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se wennen op Oud-Sjaerdema, oant de ferwoesting derfan yn 1444. Wêrnei 't se yn in hûs wennen flakby de tsjerke yn Frjentsjer. Oant 1449 wêrby 't se yn it Sjaerdemaslot ferhuze en Swob fierder libbe ta har houlik.
Houlik en gesin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swob troude mei Jarich Epes Hottinga yn 1455, wêrby 't se yn Wommels wenne oant de dea fan Jarich syn heit yn 1458. Wêrby 't se yn Hottingastins wenjen gien binne. Se krigen tegearre 3 dochters en 3 soannen. Wêrby 't Swob alle trije de soannen útlibbe hat. Jarich gie dea yn 1475.
Striid tusken Skier en Fet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swob wie belutsen by de Grutte Fryske Oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers, dy't de Fryske gebieten tusken 1439 en 1524 yn syn gryp hold. Har famylje stie oan de kant fan de Skieringers. Swob har man Jarich siet earst oan de kant fan de Fetkeapers. Mar nei it trouwen is er oerstapt nei de Skieringers mei as reden dat er trou oan syn frou is. Sels nei de dea fan har man in 1475 bleau se belutsen. Mei dat de Hottingastins dy 't se fan har man hie. Wurde brûkt troch har broer en heit as útfalbasis foar plondertochten. Yn 1481 waard de Hottingastins trije wike lang belegere mei in grutte kanon. Mar de hottingstins hûs sels waard net ferwoaste. Ozet hold Swob en ien fan de belegerders Wybe Grovestins in ûnderhanneling. Wêrby 't troch Swob sward waard dat Wybe mei it petear net fongen wurde soe. Nei it petear doe 't Wybe fuort rûn. Rôp Swob him werom. En dêrnei naam se him finzen yn har kerker. Mei as ferklearring dat de swarde allinnich telde foar de earste petear. dêrnei nei in wapenstilstân. waard op 20 april besletten dat Wybe frijlitten soe yn ruil foar de frijlitting fan de broer fan Swob. Dy 't in jier lyn fongen waard troch Wybe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|