Wibe Sjoerds fan Grovestins

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Skerne Wibe)
Jump to navigation Jump to search
Skerne Wibe ferarbeide yn it opskrift op de T-shirten fan frijwilligers fan it Ingelumer doarpshûs.

Wibe Sjoerds fan Grovestins (Ingelum?, ? – Ingelum, 1482), better bekend ûnder syn bynamme Skerne Wibe, wie in Frysk haadling dy't de soan wie fan Sjoerd fan Grovestins. Syn bynamme hat er neffens oerlevering te tankjen oan it feit dat er him skeare liet om himsels fermomje te kinnen. Sa rûn er wol as muonts ferklaaid om efter de geheimen fan syn fijannen te kommen. In modernere teory is dat er ien fan 'e lêste Fryske eallju wie dy't oan 'e ferâldere moade fêsthold om it hier oan 'e sydkanten fan 'e holle op te skearen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skerne Wibe libbe yn de 15e iuw en wurdt rekkene ta it kamp fan de fetkeapers mar oft er dêr no sa botte prinsipieel yn wie wurdt betwivele. Oft it him sa út kaam koe er ek samar de kant fan de skieringers kieze. Yn 1482 hie Skerne Wibe de skieringers sa tsjin him yn it harnas jage dat in leger fan boargers en boeren út de Frjentsjerter kontreien en Ljouwerters syn stins (de Groustins) belegerje. Steande foar in blyn fynster sneuvele Skerne Wibe en waard de stins sljochte. De Groustins is nei 1482 wer opboud en noch goed twa iuwen ha der Sirtema's op wenne. Yn 1757 is de stins ôfbrutsen en kaam der in pleats foar yn 't plak.

Doarpshûs fan Ingelum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs fan Ingelum (it wenplak fan Skerne Wibe) is nei him ferneamd. En sels de frijwilligers fan dat doarpshûs drage Skerne Wibe hjoed de dei op de klean.