Swarte krie
| swarte krie | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Corvus corone | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast (Ynkl. it ferspriedingsgebiet fan 'e skierroek (Corvus cornix) yn East-Jeropa, dy't de IUCN as in ûndersoarte fan 'e swarte krie beskôget.) |
De swarte krie (Corvus corone), ek wol krie, kraai, âld roek of âld(e) ka[1], is in fûgel út 'e famylje fan 'e kriefûgels.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen krie is sa'n 48 sm grut en weaget likernôch 550 gram. In swarte krie is in stik grutter as in ka en hielendal swart, faak mei in grienige gloed oer de fearren. Fan 'e roek, dy't like grut is, binne se te ûnderskieden troch de keale hûd dy't de roek om 'e snaffel hat. Ek hat de roek fearren om syn poaten en in swarte krie net.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn West- en Sintraal-Jeropa en yn it easten fan Aazje. Dêr libbet de ûndersoarte C. corone orientalis.
Yn it tuskenlizzende gebiet libbet de skierroek, dy't besibbe is oan 'e swarte krie De wittenskippers binne der noch net oer út of dat no in ûndersoarte is fan 'e swarte krie of in aparte soarte. Yn it gebiet dêr't beide soarten foarkomme wurdt in soad meiïnoar hybridisearre.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte krie is nau besibbe oan 'e skierroek. Yn gebieten dêr't harren ferspriedingsgebiet inoar oarlaapje kruse de fûgels meiïnoar. Lang waarden de swarte krie en de skierroek as ien en deselde soarte beskôge, wêrby't de skierroek as de ûndersoarte Corvus corone cornix gou en de swarte krie as de nominaatfoarm Corvus corone corone. Sûnt de jierren 2000 waarden de skierroek en de swarte krie meastentiids fanwegen it ûnderskieden fearrekleed as aparte soarten behannele.
Ut moderne DNA-stúdzjes docht lykwols bliken dat har komplete genoom (erflik materiaal) foar it grutste part troch inoar hinne rint. De fûgels diele hast alle genen om't se al hiel lang massaal meiïnoar kruse, mar op de ien of oare wize bliuwe de kleuren fan it fearrekleed faninoar ferskille.
Yn juny 2025 waard in nije AviList publisearre, mei as doel alle ynternasjonale listen tegearre te foegjen ta ien standert. Op dy list binne - yn ôfwachting fan dúdliker ûndersyksresultaten - de skierroek en de swarte krie op 'e nij gearfoege ta ien soarte.[2]
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It nêst wurdt fanôf maart yn 'e foarke fan in beamtûke boud troch beide âlden. De aaien wurde allinne troch it wyfke útbret. Krieën briede net yn koloanjes lykas roeken en de ka. De blaugriene aaien mei donkere plakken binne likernôch 4 sm grut. De 4 oant 7 aaien wurde 18 dagen bebret. Dêrnei wurde de jongen troch beide âlden fersoarge, nei in 28-35 dagen fleane de jongen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige. It oantal folwoeksen fûgels fan 'e swarte krie wurdt op 54.000.000 oant 91.700.000 eksimplaren rûsd en de populaasjetrend wurdt as stabyl beöardiele. De IUCN behannelet de swarte krie en de skierroek as ien en deselde soarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Krie
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä

