Swarte ezelhazze
swarte ezelhazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus insularis | ||||||||||||
W. Bryant, 1891 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swarte ezelhazze (wittenskiplike namme: Lepus insularis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dit bist heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). De swarte ezelhazze komt inkeld foar op in lyts eilantsje yn Meksiko. Party saakkundigen ornearje dat it gjin selsstannige soarte is, mar in ûndersoarte fan 'e swartsturthazze (Lepus californicus). It is in bist mei in swarte pels en in herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret de swarte ezelhazze as kwetsber.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte ezelhazze hat syn gewoane namme krigen om't er swart fan kleur is en ekstreem lange earen hat (lykas in ezel). Dit bist waard yn 1891 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch W. Bryant. De wittenskiplike namme, Lepus insularis, betsjut letterlik "eilânhazze" en ferwiist nei it feit dat dizze hazzesoarte inkeld op ien eilân foarkomt. Omreden fan syn beheinde fersprieding binne guon soölogen fan betinken dat de swarte ezelhazze gjin aparte soarte is, mar in ûndersoarte fan 'e swartsturthazze (Lepus californicus), dy't op it fêstelân fan Meksiko libbet.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte ezelhazze is lânseigen op it Meksikaanske eilantsje Espíritu Santo, dat yn 'e Golf fan Kalifornje leit, foar de kust fan it súdlike diel fan Kalifornysk Skiereilân. Dizze soarte komt nearne oars foar en it hiele ferspriedingsgebiet beslacht sadwaande net mear as 95 km².
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte ezelhazze hat trochinoar in kop-romplingte fan likernôch 451/2 sm, mei in sturtlingte fan 91/2 sm en in gewicht fan 21/2 kg. De earen binne mei 101/2 sm yn ferhâlding ta de grutte fan 'e kop ekstreem lang, sels foar in hazze. De pels is op 'e rêch, de boppekant fan 'e kop en de boppekant fan 'e sturt swart mei nei de siden ta hieltyd mear brún dertrochhinne. De siden, sydkanten fan 'e kop en de poaten binne ljochtbrún oant bêzje, en de bealch, kiel en ûnderkant fan 'e sturt binne noch ljochter brún. Om 'e eagen hinne sit in grize râne.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swarte ezelhazzen libje op gerzige en rotsige heuvelskeanten, en yn drûch, woastinich gebiet middenmank gers, strewelleguod en kaktussen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei syn swarte kleur falt de swarte ezelhazze gâns op yn syn brune, griene of sânkleurige habitat. De iennichste reden dat in soarte mei dizze kleur oerlibje kin, is om't rôfdieren fan in grutte dy't hazzen frette op Espíritu Santo net foarkomme. Mei oare wurden: de swarte ezelhazze hat frijwol gjin natuerlike fijannen.
Njonken de swarte ezelhazze sels komme op it eilân mar fiif soarten sûchdieren foar: it Espíritu Santo-antilopegrûniikhoarntsje (Ammospermophilus insularis), de stikelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus spinatus), de kaktusmûs (Peromyscus eremicus), de woastynhamsterrôt (Neotoma lepida) en de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus). Dêrnjonken libje der ek in stikmannich slange- en hagedissesoarten en twa rôffûgels: de tûfkarakara (Caracara cheriway) en de Amerikaanske wikel (Falco sparverius).
De swarte ezelhazze is in herbivoar. Oer it dieet fan dit bist, syn hâlden en dragen en syn fuortplantingsyklus is fierders net folle bekend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte ezelhazze hat de IUCN-status fan "kwetsber", mei't er mar sa'n beheind ferspriedingsgebiet hat. Dêrom hoecht der net folle te barren om dizze soarte yn 'e swierrichheden te bringen. Nettsjinsteande dat liek de populaasje anno 2008 stabyl te wêzen. It eilân Espíritu Santo hat gjin minsklike bewenners en falt ûnder it yn 1995 troch de UNESCO útroppen Biosfearreservaat De Eilannen yn de Golf fan Kalifornje. As sadanich hat it in beskerme status.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|