Swarte boek fan Carmarthen
It swarte boek fan Carmarthen (Welsk: Llyfr Du Caerfyrddin; Ingelsk: Black Book of Carmarthen) is in manuskript dat út de 13e iuw stamt en dat folslein yn it Welsk skreaun is. De Nasjonale Bibleteek fan Wales yn Aberystwyth hat it manuskript op 'e noed.
De namme ferwiisd nei de kleur fan it omslach en nei it plak dêr’t it hânskrift ûntstien wêze soe: de Priorij van Jehannes de Evangelist en Teulyddog yn Carmarthen.
Der wurdt tsjintwurdich oannaam dat it manuskript it wurk is fan ien skriuwer dy't om 1250 hinne libbe. Hy soe der út en troch yn syn libben oan wurke hawwe.[1]
It manuskript befettet poëzy út mear as ien kategory: sawol religieuze as wrâldske tema's komme yn besprek, lof- en roukleisangen, mar it meast opfallend binne de fernijingen fan legindaryske figueren sa as Arthur en Merlyn.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |