Swarte Freed
"Swarte Freed" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:
Weromkearende dagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Swarte Freed (winkeljen), de dei nei Thanksgiving yn 'e Feriene Steaten, as eltsenien tagelyk kado's keapje wol foar de kryst
- Swarte Freed of Goedfreed, in kristlike hjeldei dêr't de krusiging fan Jezus Kristus op betocht wurdt
- Swarte freed of freed de trettjinde, in ûngeloksdei
Inkele dagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Swarte Freed (1869), in finansjele krisis yn 'e Feriene Steaten
- Swarte Freed (1881), de dei fan 'e Eyemouth-ramp, yn Skotlân, wêrby't 189 fiskers de dea fûnen
- Swarte Freed (1910), in gewelddiedich delsleine demonstraasje foar frouljuskiesrjocht yn Ingelân
- Swarte Freed (1919), in gewelddiedich delsleine fakbûnsdemonstraasje yn Glasgow
- Swarte Freed (1921), de oankundiging dat de Britske fakbûnen net oproppe soene ta stakings om te protestearjen tsjin 'e leanferlegings dy't mynwurkers oplein wiene
- Swarte Freed (1939), in dei fan ferwuostgjende boskbrannen yn Fiktoaria (Austraalje)
- Swarte Freed (1944), in jammerdearlik mislearre oanfal fan it Kanadeeske Black Watch-rezjimint by Woensdrecht as ûnderdiel fan 'e Slach oan 'e Skelde, ûnder de Twadde Wrâldoarloch
- Swarte Freed (1945), in Alliëarde militêre operaasje yn Noarwegen ûnder de Twadde Wrâldoarloch
- Swarte Freed (1960), gewelddiedige protesten yn San Fransisko tsjin anty-kommunistyske heksejacht yn 'e Feriene Steaten
- Swarte Freed (1978), in bloedbad oanrjochte ûnder demonstranten yn Iraan
- Swarte Freed (1987), in ferwuostgjende tornado yn it Kanadeeske Edmonton
- Swarte Freed (1993), in searje bomoanslaggen yn it Yndiaaske Bombay
- Swarte Freed (2004), in gewelddiedich delsleine demonstraasje yn Malé, de haadstêd fan 'e Malediven
- Swarte Freed (2005), in bloedbad oanrjochte ûnder learlingen fan lânseigen komôf yn 'e Yndiaaske regio Meghalaya
- Swarte Freed (2011), in barren wêrby't nei oanlieding fan in gerjochtsútspraak ferskate pokerwebsiden ûnteigene waarden troch it Amerikaanske regear
- Swarte Freed (2015), in rige terroristyske oanfallen op 26 juny yn Frankryk, Koeweit, Somaalje, Syrje en Tuneezje
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]