Supermarine S.6B
Appearance
Supermarine S.6B | |
---|---|
Rol | Racefleantúch |
Makker | Supermarine Aviation |
Untwerper | Reginald Joseph Mitchell |
Earste flecht | 1931 |
Yn tsjinst | 1931 |
Tal makke | 2 |
Brûkers | Royal Airforce High Speed Flight |
De Supermarine S.6B wie in Britske race-wetterfleanmasine mei twa grutte driuwers ûntwurpen troch Reginald Joseph Mitchell (1895-1937) fan it bedriuw Supermarine foar it winnen fan de Schneider Trophy yn 1931. It tastel waard ûntwikkele út de Supermarine S.6 en krige in krêftiger motor en oanpaste driuwers. Op grûn fan de ûnderfining by de bou fan dit tastel waard de Supermarine Spitfire mei in Rolls-Royce Merlin motor ûntwikkele.
De S.6B S1595 wûn de Schneider Trophy 1931 mei in topfaasje fan 547,2 km/o. It tastel is hjoed-de-dei te sjen yn it Science Museum yn Londen.
Santjin dagen letter wie it de S.6B S1596, flein troch Flt Lt. George Stainforth, dy't mei in faasje fan 655,67 km/o it wrâldfaasjerekord ferbruts.
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens | |
---|---|
Spanwiidte | 9,14 m |
Langte | 8,78 m |
Hichte | 3,73 m |
Fleugeloerflak | 13,5 m² |
Startgewicht | 2761 kg |
Bemanning | 1 |
Heechste faasje | 656 km/o (wrâldrekord) |
Oandriuwing | Rolls-Royce R, floeistofkuolle 12 sylinder V-motor, 2350 hk, letter 2550 hk |
-
In S.6B yn oanbou
-
Fixed pitch-propeller fan metaal, Supermarine S.6B, S1595 yn it London Science Museum
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C.F. Andrews, E.B. Morgan: Supermarine Aircraft since 1914. Putnam, Londen 1987, ISBN 0-85177-800-3.
- William Green: Supermarine's Schneider Seaplanes. Yn: Flying Review International. Diel 10, nû. 11, july 1967.
- Jim Winchester: Supermarine S.6B. Yn: Concept Aircraft. Prototypes, X-Planes and Experimental Aircraft. Grange Books plc., Kent 2005, ISBN 978-1-84013-809-2.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Supermarine S.6B fan Wikimedia Commons. |