Supermarine S.6

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Supermarine S.6/S.6A

15 Supermarine S.6 Schneider Cup Racer N247 (15650243049).jpg

Rol Racefleantúch
Makker Supermarine
Untwerper Reginald Joseph Mitchell
Earste flecht 1929
Yn tsjinst 1929
Tal makke 2
Brûkers Royal Airforce High Speed Flight
Fariant Supermarine S.6B
Supermarine S.6A 'N248' útstald yn it Solent Sky museum, Southampton

De Supermarine S.6 wie in Britske wetterfleanmasine, dy't ûntwurpen waard foar it meidwaan oan de Schneider-Trophy dy't yn de jierren 1920 en 1930 holden waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Supermarine S.6 wie in iensitter mei twa mânske driuwers. It ûntwerp fan yngenieur Reginald Joseph Mitchell fan de firma Supermarine waarden twa fan boud.

De wedstriid wie op 6 en 7 septimber 1929 yn Calshot Spit, Ingelân. Ien S.6 waard diskwalifisearre en de oare, mei Flight Lieutenant H.R.D. Henry Richard Waghorn oan de kneppel, helle mei in trochsneedfaasje fan 528,88 km/o it earste plak.

Op 12 septimber 1929 fleach Augustus Orlebar mei itselde tastel 575,7 km/o, it doetiidske wrâldrekord foar wetterfleantugen.

Foar de Schneider-Trophy 1931 revisearre Mitchell de S.6 en krige er gruttere driuwers. Dy ferzje waard oantsjut mei S.6A. Tagelyk boude er de Supermarine S.6B, dy't úteinlik foar de race brûkt waard en wûn.

Technyske gegevens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gegevens
Spanwiidte 9,14 m
Langte 8,73 m
Fleugeloerflak 13,5 m²
Startgewicht maks. 2618 kg
Bemanning 1
Heechste faasje 575 km/o
Lâningsfaasje 153 km/o
Motor 1 Rolls-Royce R (12 sylinder V-motor, 1900 hk)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • C.F. Andrews, E.B. Morgan: Supermarine Aircraft since 1914. Putnam, Londen 1987, ISBN 0-85177-800-3.
  • William Green (Hrsg.): Supermarine's Schneider Seaplanes. Yn: Flying Review International. Diel 10, nû. 11, july 1967.
  • The Illustrated Encyclopedia of Aircraft (Part Work 1982–1985). Orbis Publishing, Londen 1985.
  • Jim Winchester: Supermarine S.6B. In: Concept Aircraft. Prototypes, X-Planes and Experimental Aircraft. Grange Books plc., Kent 2005, ISBN 978-1-84013-809-2.