Springe nei ynhâld

Strjitten yn Gersleat

Ut Wikipedy

De Strjitten fan Gersleat:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Alde Leane – Omdat de bewenner fan it hûs Wyngaarderwei 2 allinnich berikber is oer Lúkswâld is de strjitnamme Wyngaarderwei yn 1981 feroare yn Alde Leane.
  • Aldewei - Op de kaart fan 1718 fan Schotanus/Halma komt dizze wei foar as ûnderdiel fan "d'Oude Wech", dy’t rûn fan de hjoeddeiske " Aengwirderwei" ten súdeasten fan "UytterBuiren", ûnder in hoekich ferrin, nei de grins mei Opsterlân by de Tynje. Letter is it meast noardlike stik fan "d'Oude Wech" in ein langer makke om sa oan te sluten by it begjin fan de wei yn 'Uterbuorren'.
  • Deelenwei – rint nei de yn 1921 oprjochte feanpolder De Deelen fan de Tynjewei oant de Heafeartswei. Yn 1959 is de wei ferhurde. Earder foel in gedielte fan it gebiet benoarden de Heafeart ta it 4e en 5e Feandistrikt. In skikking foarme yn 1918 de ynlieding ta oprjochting fan it wetterskip 'De Deelen' (mei in foarlopich bestjoer), dat yn 1921 Feanpolder waard.
  • Ferskewei – in âlde namme dy’t ek brûkt wurdt foar it yn Opsterlân lizzende stik fan de wei dat al as "Verskewei" oanjûn stiet op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Nei 1954 waard in oansluting makke op de Tynjewei. Yn de Friese Koerier fan 5 augustus 1961, mei as kop 'Tussen Luxwoude en Gersloot lag het verdronken dorp Rijp', stiet ûnder mear: Tijdens de tweede migratiegolf is waarschijnlijk het dorp Rijp ontvolkt. In 1315 wordt de kerk of kapel van dit dorp nog genoemd. Aan de eerste verhuizing hebben de bewoners van Rijp dus niet of slechts gedeeltelijk deelgenomen. Misschien hebben zeeerst nog getracht zich te beschermen door de aanleg van dijken: de Verseweg in het westen en de Bree Wech in het oosten, zoals Terwispel-ten-westen-van-it-Mear (dat as it âlde Terwispel beskôge wurdt de Walle aanlegde. Een aanwijzing voor de westelijke dijk vindt de onderzoeker in de naam Varske wegh (in 1693 genoemd), die namelijk de tegenstelling tussen zout water (aan de westkant) en zoet water (aan de oostkant) kan uitdrukken.
  • Haudmare – Namme is ûntliend oan de midsiuwske namme foar Opsterlân, tefoaren mooglik 'Boarnferd'.
  • Heafeartswei – paden oan beide kanten fan de Heafeart ûnder Terbant, Lúnbert en Gersleat.
  • Hearrewei – nije ruilferkavelingswei, dy’t foar in stikje yn de gemeente It Hearrenfean leit, it grutste part leit yn Opsterlân.
  • Hegedyk – diel fan de "Aengwirderwei" dat syn namme yn 1978 krige omdat it ferlingde diel yn Opsterlân ek sa hiet.
  • Kanaalswei – Fan de Tynjewei by de brêge yn noardwestlike rjochting bylâns it Stroomkanaal nei it gemaal fan it 6e en 7e feandistrikt.
  • Lúksterhoek – Buorskip ûnder Gersleat, de hoeke dêr’t de Aengwirderwei yn súdlike rjochting giet. De namme 'Luxterhorne' komt al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
  • Lytse See’s Reed - It gebiet dêr’t dizze wei troch rint waard "Lytse See" neamd, omdat it faak ûnder wetter stie. It is de leechst ferfeante kavel fan de polder. Neffens oerlevering soe it seewetter wol oan de Lúkster Heawei ta komd wêze. De slûswei foar dit gebiet, al neamd op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, bestiet net mear. Op de kaart fan Eekhof fan 1854 is de reed oanjûn yn in gebiet dat yn haadsaak út wetter bestiet.
  • P.G. Otterwei – neamd nei Piter Otter, nei 1907 bestjoerslid fan it polderberstjoer fan it 4e en 5e feandistrikt en yn 1927 foarsitter. Ien fan de earste dingen dy’t er tariede moast wie de organisaasje fan it bemeallen fan de polder. Oant 1912 mei wettermûnen en in âlde stoommasine, dêrnei mei twa nije stoommasines. Otter wie ek bestjoerslid fan it Boargerlik Earmbestjoer fan Anjewier en letter foar de gemeentlike ynstelling foar maatskiplike helpferliening, fan de Algemiene Fryske Brânwaarboarchmaatskippij “Sânwâlden”. Mar ek fan it Sikefûns Tsjalbert, fan de Fryske Koöperative eksportslachterij yn Akkrum en fan de koöperative Oankeapferiening Fryslân (CAF). Boppedat wie Otter bestjoerslid fan de toanielferiening DITO yn Tsjalbert, fan iisklub 'Oller' en fan de frijwillige Brânwar yn Tsjalbert dêr’t hy brânmaster wie). De wei komt as 'de Kadijk langs de Achter-Vaart' al foar op de kaart fan Eekhof fan 1854.
  • Poolsbrêge – Namme foar de brêge yn Gersleat oer de Heafeart oan’e ein fan de "Deelenwei". Neamd nei Tsjibbe Pool, ien fan de kastleins fan it kafee by de brêge dy’t ek brêgewachter wie.
  • Uterbuorren – buorskip Uterbuorren ûnder Gersleat ten easten fan de Tynjewei. De namme stiet al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
  • Wyngaarderwei – Waard yn 1955 oanlein en rûn fan de Pastorijsingel bylâns ryksweg 43 nei de grins mei Opsterlân. Troch de baanferdûbeling fan de A7 is het grutste diel fan de wei al ferdwûn. De wei rûn nei ‘De Wijngaarden' yn Opsterlân. De namme soe ferwize nei it úthôf "'De Wijngaarden' fan it kleaster yn Haskerdiken. De muontsen soenen dêr in wyngerd, túnkerij en feanterij hân hawwe. Mar wierskynliker is it dat de namme ôflaat is fan in ferfeantersfamylje dy’t hjir besittings hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: